Dit webstee is in aktiviteit fan it Obe Postma Selskip. Der wurde stikken en meidielingen op pleatst oer de Fryske dichter en wittenskipsman dr. Obe Postma (1868-1963). De meidielingen sille meast fan húshâldlike aard wêze en útgean fan it Obe Postma Selskip of fan de Stichting Obe Postma en dan yn de rubriken fan dy ynstellingen pleatst wurde. De stikken komme yn eigen rubriken of yn rubriken as Algemien, Biografy, Poëzy, Natuerwittenskippen, Skiednis en Filosofy. De taal fan de bydragen kin Frysk, Nederlânsk, Ingelsk of Dútsk wêze. By Frysktalige ynstjoerings wurdt yn it algemien oanret om in gearfetting yn it Nederlânsk ta te foegjen. Net alle bydragen binne yn it Frysk beskikber. Yn it ljochtgriene diel oan de linker kant binne lykwols alle bydragen oan te klikken. As der gjin Fryske ferzje fan in bydrage oanwêzich is krije jo fansels de Nederlânske ferzje.
De redaksje wurdt foarme troch Philippus Breuker en Jan Gulmans. Meidielingen fan húshâldlike aard kinne stjoerd wurde nei Jan Gulmans, stikken nei Philippus Breuker. Webmaster is Andrys Stienstra.
De fascinatie voor Bai Juyi (Po Tsju-i)NIJ!
Slauerhoff en Postma
Nei oanleiding fan de stúdzjedei 2010 De fascinatie voor Slauerhoff fan it Obe Postma Selskip is yn gearwurking mei de Moanne it projekt De fascinatie voor Bai Juyi (Po Tsju-i). Slauerhoff en Postma útein set. Klik hjir foar mear ynformaasje.
Programma boekpresintaasje Obe Postma Selskip NIJ!
Op 31 maart o.s. wurde yn it Natuermuseum te Ljouwert twa boeken oer lânbou en lânskip presintearre. Der wurdt ûnder mear sprutsen troch de histoarysk geografen prof.dr. Theo Spek en prof.dr. Guus J. Borger. Klik hjir foar de oankundiging en hjir foar it program.
Jiergearkomste NIJ!
Op 26 febr. o.s. hâlde it Obe Postma Selskip syn jierlikse ledegearkomste yn Café Wouters te Ljouwert. Klik hjir foar it ferslach.
Myn moaiste...
Yn de rubryk 'Myn moaiste...' de 50 moaiste rigels út it wurk fan Obe Postma neffens Willem van Dijk. Besjoch se hjir.
Wjerklank 6 ferskynd
It nije nûmer fan Wjerklank is ferskynd. It foarige is hjir te downloaden, lykas de earder ferskynde nûmers (op dizze side) .
Stúdzjedei ‘Skiednis fan it lânskipsûndersyk’ NIJ!
Op 20 novimber oansteande organisearret it Obe Postma Selskip yn it Frysk Histoarysk Sintrum Tresoar (Bûterhoeke 1, 8911 DH) yn Ljouwert in stúdzjedei oer de skiednis fan it ûndersyk fan de lânskippen yn Leech-Nederlân. Postma die omtrint in heale ieu ûndersyk nei de histoaryske geografy fan Fryslân en oangrinzende gebieten, skreau tsientallen bydragen oer de lânbouskiednis en it ferline fan it kultuerlânskip mei as wichtichste publikaasje it yn 1934 ferskynde De Friesche Kleihoeve.
Op de stúdzjedei wurdt it wurk fan Postma tsjin it ljocht hâlden en komt it wurk fan tiidgenoaten yn oare dielen fan Leech-Nederlân en dêrmei de skiednis fan it lânskipsûndersyk benammen yn it tiidrek 1800-1975 oan bod. Sprekkers binne Jan Bremer, Egge Knol, Adrie de Kraker, Herman Lambooij, Karel Leenders en Meindert Schroor. Deifoarsitter is Guus Borger. Klik hjir foar it folsleine programma op de Nederlânske side.
Filmke
De Obe Postma Stichting hat foar dit jier subsydzje oanfrege by de Rabobank Leeuwarden-NoordwestFriesland en is no út in grut oantal oanfragen mei 21 oare oaren nominearre Fan alle 22 is troch André Minkema fan Harns in filmke fan in minút makke.
Der moat no stimd wurde om út te meitsjen nei hokker fan de 22 jild giet. Stimme kinne leden fan de neamde ôfdieling fan de Rabobank. Wy roppe graach elk dy't lid is op, om op de OPS te stimmen. Mar miskyn spilet ek in rol hoefaak oft it filmke besjoen is! Graach oanklikke dus!
Postma oer Jolm fan G.N. Visser NIJ!
Yn it lûdsargyf op Tresoar sit in stikje fan Postma oer de fersebondel Jolm fan G.N. Visser. It sil makke wêze op 27 febrewaris 1949, doe't de RON opnamen makke fan it symposion dat De Tsjerne dy middeis yn kafee-restaurant De Griene Weide te Ljouwert hold. Neffens de oankondiging yn de Ljouwerter Krante soenen in stik of sân literatuerleafhawwers it petear ynliede. Ien fan har hat dus Postma west. Lês mear en beharkje it fragmint op dizze side.
Emily Dickinson in leven en dood. Haar liefdes, haar werk en haar nawerking NIJ!
Op tongersdei 25 juny (Boekhannel Van der Velde te Ljouwert, 16.00 oere oant 18.00 oere) is it earste eksimplaar fan it boek ‘Emily Dickinson in leven en dood. Haar liefdes, haar werk en haar nawerking’ (Obe Postma-rige nr.3) yn in feestlike gearkomste oanbean oan de dichter, resensint, popkritikus en fertaalster Elly de Waard (1940). Har foto stiet hjirneist. Sy debutearre as dichter op 38-jierrige leeftiid mei de bondel Afstand (1978).
It boek kostet € 17,50 en is yn de boekhannel te keap. It ISBN-nûmer is 978 90 330 0865 8. It kin ek besteld wurde by Jan Gulmans (skriuwer Obe Postma Selskip). Yn dat gefal komme de ferstjoerkosten derby.
"
De dichter Postma en it lânskip NIJ!
It lânskip is foar Postma in middel om syn gefoelens fan ienheid mei al it besteande út te drukken. Syn leafde foar greiden en fuorgen is diel fan de leafde dy't nei syn klassyk ynspirearre opfetting troch de hiele kosmos hinne strielet. Yn dy kosmos is al it ierdske diel fan it grutte gehiel dat bûten romte en tiid stiet, mar dat ierdske ferdwynt der net yn, giet der net yn op: in hûs bliuwt dat iene hûs, de hagedoarn dy iene hagedoarn dy't er by Leegkerk ek echt sjoen hat. Hy bliuwt de empirikus. Klik hjir.
Ferslach reiske 2009 NIJ!
Lykas oare jierren, waard ek dit jier in reiske troch it Obe Postma Selskip organisearre. Op sneon 23 maaie 2009 stiene der sa'n 35 dielnimmers by it NS-stasjon te Ljouwert klear om yn in bus fan de firma Dalstra oan it reiske te begjinnen. Dit reiske stie yn it teken fan (feroaringen yn) it Fryske lânskip. Klik hjir foar it ferslach.
Programma 2006-2016
It programma fan it Obe Postma-Selskip oant en mei 2016 is no hjir op te heljen.
Wjerklank
Meikoarten ferskynt it fyfde nûmer fan 'Wjerklank', it tydskrift fan it Obe Postma Selskip. Mear ynformaasje oer it tydskrift is te lêzen op dizze side. Dêr binne ek de foargeande nûmers 1 o/m 4 op te heljen.
Sang ’Boerinne fan Surch’
Tjerk Bootsma, bekend fan de muzykgroepen
Reboelje en Swee, hat De boerinne fan Surch op muzyk set en sjongt hjir sels it
liet. Hy bringt it mooglik noch op in cd yn ’e hannel, mar it webstee fan it OPS
hat de primeur. Klik op de startknop (middelste fan de trije) om it liet te beharkjen:
This text will be replaced by the flash music player.
Ferslach Algemiene ledegearkomste
It ferslach fan de ledegearkomste fan 29 jannewaris 2009 is pleatst op de Nederlânske side. Klik hjir.
Obe Postma als historicus van de veldindeling
Op de Nederlânske side stiet no in stúdzje fan Breuker oer Postma as histoarikus fan de fjidlyndieling. Klik hjir.
Lijst van uittreksels en aantekeningen Geschiedenis
Op de Nederlânske side stiet no in oersjoch fan Postma syn skriften mei oantekeningen oangeande skiednis. Klik hjir.
Ferslach en foto's fan de Emily Dickinson-stúdzjedei 21novimber 2008
Sybren Sybrandy makke in ferslach fan de tige slagge stúdzjedei, mei lêzingen fan Marian de Vooght, Odile Heynders, Anneke Reitsma, Peter Verstegen, Harry Bekkering en Albertina Soepboer. Siebren van der Zwaag makke in stikmannich foto's. (lês it ferslach op de Nederlânske side) (besjoch de foto's).
In Memoriam Eeltje de Vries
Op 9 septimber 2008 is dr. Eeltje de Vries ferstoarn, sûnt de oprjochting yn 2006 webmaster fan it Obe Postma Selskip. Op de Nederlânske side is in In Memoriam Eeltje de Vries pleatst.
Myn moaiste...
De gedichten fan Postma kin op mear as ien manier in kar út makke wurde. Sa kin elk foar him- of harsels de tsien of de tweintich moaisten útsykje of - om wat oars te neamen - de fyftich rigels of parten fan rigels dy't him of har it meast sizze (lês fierder)
Op 16 april 2008 is by de Friese Pers Boekerij it earste diel yn 'e Obe Postma-Rige ferskynd. Yn it boek - De dichters en de filosofen - wurdt troch seis skriuwers de poëzy fan Verwey, Henriëtte Roland Holst, Boutens, Leopold, Obe Postma en J.A. dèr Mouw op wysgearige aspekten ûndersocht. It kostet ¤ 16,50 en is yn 'e boekhannel te keap. It ISBN-nûmer is 978 90 330 0752 1. It kin ek besteld wurde by Jan Gulmans (skriuwer Obe Postma Selskip). Yn dat gefal komme de ferstjoerderskosten derby.
Kontakt per e-mail?
Jo kinne je opjaan as lid of fragen stelle oan de skriuwer fan it Selskip, klik dêrfoar op
'E-mail Selskip' yn de kolom hjirneist.