Verzamelde gedichten (2) D … E
De âlde dingen
It is de skiente net. De âlde dingen binn’ ’t
Yn ’e eigen sfear, sa as it libbe hie,
Us neier as eat oars. Wer riist it foar it each
Mei al it goede erfarren dat ús freugde wie.
Wa is er dy’t it skiene meitsje kin? In ding,
In byld, lyk as wy leaf hân ha,
Dat set de foarmer del. Wy nimme it oan
En blide rigen komme op ús ta.
It is in keamer yn it prinslik ljocht,
De kop’ren ringen binn’ ’t fan ’t âlde kammenet;
De romme skuorre is ’t mei de doarren op,
Of wûnder guod yn tsjust’re hernen set.
It is it ritme fan de blommen op ’t behang,
It kleurich libben fan in bûnte print.
It is in rook, in lûd, in triljen mar,
In teare dream dy’t yn it wiid terint.
De Apelbeam
Dit is it liet fan ’e apelbeam,
Jimmer wer in swiete dream,
Mar no lit ik it rinne;
No’t de apelbeam blomket yn heechste pracht
En de fûgels sjonge by dei en by nacht,
Wa soe dat ferneare kinne?
Hy stiet yn ’e grûn sa fêst en dreech,
Hy stekt syn tûken sa grutsk omheech,
Yn readwite pronk beblomme;
De takken flagje de himmel ta,
De swietrook strielet de sinnen sa,
Hoe moat dit komme, komme!
Hoe bisto it byld, myn apelbeam,
Fan it brûzjende libben, in ivige stream,
Dy’t komt mei hege weagen!
En al it lok fan in libbenstiid
It weag’t troch myn siele sa heech, sa swiid,
Hoe fier ek de jierren teagen.
Ik sjoch my sels wer yn bernetiid,
Yn it foarjier mei in blom sa bliid,
Hoe rûnen we om de earsten!
Mar kaam ús maat, de hjerst, tenei,
Dy’t gjin blommen en blêden lije mei,
Wy wisten ús ek wol te treasten.
Dan setten wy op ús muoike ta,
Ald minske sa gol, dy woe ús wol ha,
En har hôf, dat wie ús wille!
En al de pronk fan ’e wrâld falt ôf
By it moai fan dat âlde apelhôf
Dat gjin jierren wer bringe sille.
Mar hjoed yn ’e lije foarjiersdei
No is my alle lok wer sa nei,
En de hele wrâld om my hinne;
No’t de apelbeam blomket yn heechste pracht
En de fûgels sjonge by dei en by nacht,
Wa soe dat ferneare kinne?
De Arbeidershûzen
Al wer oan gean ik har rigen lâns
Sa’t se yn myn tinken stean;
Hja bliuwe yn wêzen, al stoaren hja,
Hja koenen net fergean.
Hja steane dêr iepen; yn ’t bliere each
Sjoch ik it golle hert.
Hja hawwe har sobere sneinspronk oan,
Mei in blom yn ’e sinne set.
Mei hoedsters en freonen wie hjir myn thús:
Yn lyts bestek in wrâld,
Dêr’t jonkheid de romte beëagje koe
En hie by it folk syn hâld.
En dêrom sjong ik foar har myn liet
Fan al wat ús ferbûn;
En set yn lokkich dageljocht
It libben, dat ik dêr wûn.
– Dan blinkt de sinne op glêzen en dak,
Hoe fleurich it húslok dêr stiet!
De fûken wierje; it boat oan ’e wâl
Op weachslach sêftkes fergiet.
De hinnen moudzje; de skuthûn wurch
Rêst fan it jachtsjen wat út,
Mar waaks stekt er de earen op
By eltse fûgelgelút.
Yn ’e hûs op syn pôle, by tiden de ljurk
Sjongt fûl it âlde liet;
’t Gewear op ’e deizen hat syn rêst
Oant de hjerst wer oer ’t wetter giet. –
Hjir is myn freonen har himpen went;
En sa stiet it wol foar har each,
Sa faak as in glim fan jonkheids ljocht
Yn ’e dream foarby har teach.
De Beammen
Fierwei terint
Dyks slingerjende seam.
Gjin beam
Skoddet ta lean foar de wurge polder
Jûntiidsearnst’ge dreamen út rûne kroane.
Beamleas en sljocht en keal
Rûnet him ikker oan ikker swart en swier.
Ut folle sleatten straalrjochte lin’
Blinkt treastend allinne
Ljochts bleke skyn.
Mar dêre, fier fuort yn it swijende lân,
Tsjocht stadich en wichtich en woltemoed,
De strjitweibeammene fromme stoet.
Hja nimme elkoars hân,
Teknobbe en tewaaid,
Sa stean hja en somje en reizgje wer
Yn twieljochtdonker klaaid.
O myn beammen!
Oer jimme buiteroppe
Kroanebôge
Hat langstme my faken omfieren tôge
De foarjiersrein en simmerswierens yn;
As hjerstmisstoarmen gûlden
En oan ’e seekant stie sâltgrize skyn;
En hja fleach as in fûgel mei mearkeblâns,
As yn ’t moarnsrea jimm’ stiene yn ripige glâns.
Jimmer, o beammen,
Sjoch ’k fier jimme pylg’rjen en stean,
Moat oer de krunerige
Myn hert mei út wanderjen gean.
O myn beammen,
Dy’t hast de nacht sil ha,
Jimm’ skodzje de lânen dreamen,
Donker en wûnder ta!
Nei it Dútsk fan Berend de Vries
De blide dei
O de dei, it ljocht, it wazige fjild,
O gouden tovertún!
O beannerook, o flearepronk!
O simmers swiet gestrún!
My tsjocht foarby de jonge krêft
Nei ’t fiere, yn flugge feart;
En lûd raast oer ’e hurde baan
Wat wyldste flecht begeart.
Mar yn it hôf, as delset op ’e bank,
De âlde boer sit wûnderstil;
De hannen opinoar as in byld,
Sa rêstich, sûnder wil.
Hoe giet my alles oan! Ta ien
Rûn jeugd en jeld; wat d’ ierde joech.
En ta it witten fan ’e siele kaam
Wat ea it weevjen fan ’e raaien droech.
De boartersstal
De maitiid brocht it gers, nei bûten moast it fee;
Yn ’t bûthús ha de bern de boartersstâl al ree:
De diggels stean te pronk en yn ’e sinne
Foar ’t finsterke wat blommen út ’e finne.
In diggel en in blom, dat is har wrâldske moai;
In kas mei âld porslein, in tún yn simmertoai!
En lokkich hy, dy’t, wurch fan ’t sjen, bewarre
It sieleprint fan moai yn jonkheid garre!
De boerinne fan Surch
De frou stiet op it boerehiem
Stil by de bûthúsdoar,
Yn sneinse swarte boerinneklean
Mei in bûnte skeldoek foar.
Har earizer blinkt yn ‘e sinne fier
Want it hiem leit heech en frij;
En beammen waachse net te Surch:
De see is te tichtebij.
’t Is sneintemiddei, de bern binn’ fuort
En kuierje oan ‘e seedyk,
De boer leit efkes op it ear:
Foar de frou allinne it ryk.
Dêr stiet hja no stil op it keale hiem
By in stokroas en goudsjeblom,
Dy har bern yn in túntsje noch opbrocht ha,
Mar dy haww’ it ek al net rom.
O dat hearlike grutte appelhôf
Alear by har âlders’ hûs,
Mei dy moaie hege abeeljenbeam
En blommen by de rûs.
Hja is no hast al in âld wiif
En hat al grutte bern,
Mar dan wurdt har it moed dochs fol:
Hja mei dy lânsdou hjir net sjen!
‘Dat jo dêr no noch om skrieme kinn’,
Dat is dochs de muoite net wurch,
Jo sa’n flink en warber boerewiif
Myn leave boerinne fan Surch.’
De bûthúsbank
Folkertsma wol hawwe in boer, dy’t boer ôf waard, moast yn
syn eigen doarp bliuwe.
Ik tink Albert-om soe him wol gefallich west ha yn syn âld húske
yn ’e buorren, dêr’t er moarns útstappen kaam om earst wat
oan it wurk te gean yn sa mar in boer syn finne.
En letter benammen doe’t er húshâlde op in stâl yn syn
soane bûthûs.
En Piebenga soe noft hân ha oan syn boerekultuer, as er him
sjoen hie mei syn hege hoed op, mei eintsjes tou byinoar
hâlden, en mei syn itensfoarke dêr trochhinne stutsen;
En folle sil er ferkeard hawwe op ’e bûthúsbank, mar hy prate
Hollânsk wurdt der sein!
Op ’e selde pleats hat Fermer-om tahâlden, dy’t mear sjen koe
as wol goed foar him wie;
Nei syn dea hat de buorren noch trije oeren de klok
foar him let.
Mar dy bûthúsbank sit my wat dwers.
Ik moat dochs syn wêzen ferstien ha, sa’t er yn it grutbûthús
syn stee hie – rêstplak yn libben fermidden.
Dêr sieten dochs jûns dy famkes mei katten om, as ien fan
har by ús it melken learde;
Dêr siet dy huzaar, broer fan ’e feint mei ferlof, en tsjin syn
broer sei er: ‘Ik bin net mear bang fan dy’;
– Der waard letter sein dat er elts oan koe op Seakele fan
Penjum nei –
En no haw ik dy âlde freon – soe er deselde noch wêze? –
alheel fersake!
Piebenga seit wol dat de grûnen goed binne, mar ik wit net,
ik wit net…
En dat hawwe net de artystekroechjes dien, mar
yntellektuele fermiddens bin ik net alhiel frij fan bleaun.
O Albert-om en Fermer-om! – Mar hja glimkje bemoedigjend
en ik hear, tinkt my, Fermer-om sizzen:
‘Soa, do mochtste leare? Leare fan sinne, moanne en stjerren
en fan alles wat dêrûnder en boppe is?
En do hieste pompier genôch om it allegear op te skriuwen?
Dy bank wie goed as dy âld fekke my ta de doar útjage; mar do
biste lokkich! do biste lokkich!’
De dea fan de dichter
Dêr leit yn ’t wite klaad – in bleke skym –
Wat iens de drager fan syn wêzen wie;
It omskot, dêr’t de siel har byld oan joech,
En dat, yn wikselkrêft, de siele foarme hie.
O mom, o ûnferweechlik neat! Wêr teach
Dyn slaaf en hear? Hy leave d’ ierde sa,
Hy hie dizz’ reis net dien, hie gjin oermânske krêft
Him slein en dreaun nei frjemde kusten ta.
Wa leave it ljocht as hy? Sa as it komt
Yn ’e earste steat; de ierde nimt it oan
Fansels, as ’t bern de memme leafde nimt,
En bloeit, en ken it godgelike skoan.
Syn leafde wie foar ’t ljocht, sa as it komt
Ut heel de bloeiend’ ierd’; út it bliere each
Fan minskebern as blidens yn gelok
As leaflik skynsel oer syn wêzen teach.
Wat leave er net? Wat dy en my ûntkomt,
Dat wie him swiet muzyk; in ko dy’t balt,
En winters guozzerop; de wjerklank oer it iis
Fan ’t fiere kreakjen en as ’t bomiis falt.
Wat wie him lyts? Al ’t libben wie him nei;
Hy naam it op, der foel in blanke skyn;
Hy struid’ der oer it fine gouden stof,
In wûnder mearke wie ’t fan lang ferlyn.
– O bleke poppe! Hjir by ús is hy,
En by syn folk! Hjir bleau wat fan him teach;
En sa moat wol syn wêzen, ús foarby,
Troch d’ eter spegelje yn it alomfiemjend each.
De dichter
Wat door een dichter werd geleden en genoten,
Wat door een hart gevoeld werd, door een hoofd gedacht,
Heeft door een zoete stem in tonen uitgegoten,
Soms duizenden geboeid met wond’re toverkracht.
De woorden, door zijn geest op ’t blank papier geschreven,
Zacht klagend nu, dan juichend, jub’lend stout en vrij,
Ze zullen met hem ons doen voelen, denken, leven,
Dat leven hatend of aanbiddend zoals hij.
O.
De dream fan in lokkich libben
Soms komt it oer my as in dream fan lok;
In rêstich hert, de sinne oer in hôf,
Oars net: en troch myn tinken rint in stream
Fan nuver spul, blier yn it sêfte ljocht.
Ik neam ’t myn dichterdream; it no wurdt wei,
De stêd bejout him en ’t wurdt alles oars,
Ik haw it earder sjoen, mar lang ferlyn,
In blide dei, in gouden simmerjûn.
Ferwezen rin ik troch: ‘’t Wie op in snein …
Of wie ’t in stêd yn byld, in dreamestêd?’
Ik wit it net, mar dan in dream fan jeugd,
Want jonkheids ljocht is ’t dat myn paad bestriel’t.
Wy binne net deselden as fan doe,
Doe ’t libben, nij, betsjoende ’t jonge moed;
Mar sokken dream bringt effen ’t âlde hert
En ta ien stream terint it doe en hjoed.
En ’t is my, wie it libben yn ’e dream
It wiere, en it oare reach en reau;
It lok stiet fêst, syn dauwe siicht oer ’e ierd’;
Wa’t dreame kin, dy rint yn wûnderstêd.
–
Is dichter wêzen oars as ’t lok fan ’t libben sjen?
Op moaie foarjiersdei, sa ien mei heel de wrâld,
Sjoch ik sa ljocht, as nij ferwiel, de greiden,
En ’t teare beammesprútsel jout him iepen.
De pleatsen lizze fleurich oan ’e wei,
Fan maitiidslibben fol is hôf en hiem.
De fûgels saaie licht oer ’t greidlân hinne,
En bliid gean oan ’e loft de ljochte wolken.
De jonges drave yn ’e stive westewyn,
De famkes dûnsje en laitsje op ’t hege hiem;
Oer alles leit de bliere foarjierssinne,
En as in stream fan lok giet oer ’e ierde.
De dei, it jier fergiet; mar moat it lok ek gean?
Lit, jonge krêft, gjin noardewyn of wintertiid
Dy rou fertoarkje! En komt oer my it lok as drôge,
Sa sil dochs fan dat reach yn dizze dichten bliuwe.
–
Dan sjoch ’k de minsken blier troch ’t libben gean;
Sterk dogg’ se it wurk, dan nimme wat har lêst;
Hja drage it ûnk, dat har net kromje kin,
En fine yn ’t ein, op tiid, har rêst.
By ’t ôfskienimmen sjogge hja tebek:
Hja hienen it lok, har wurk wie goed,
Wa soe dêr kleie? Neiteam bliuwt;
Doch d’ eagen ta: do libbest mear as hjoed!
Har ierdske omskot, tel ta jiske tard,
In urn sil ’t ha; syn heech bewâld
Hat no op ierd’ it Moaie, ’t fûl krûpt wei,
It hege ljocht skynt oer ’e wrâld!
De dyk út
Kom mei! kom mei! De loft is klear
It waar is koel en fêst;
De lânen lizze blank en rom
Bliid yn har ljochte rêst.
Kom boer en frou! It reau stiet ree,
De guds byt op ’e team!
De wide wrâld leit om ús ta,
Sa skien, it is in dream.
Do, Feite, nim dyn gongelstok,
De dyk is hurd en ticht;
Wy swalkje hjoed de geaen ôf,
It rinnen giet sa licht.
Ik bring dy wêrste wêze wolst,
Ik wit de paden sa;
Wy sille, foar’t de jûntiid komt,
In wrâld bereizge ha!
Nei frjemde pleatsen gean wy ta
En rinn’ de lannen ôf,
En glûpe troch de skuorredoar,
En traapje troch it hôf.
Wat waachse hjir de beammen heech!
Hoe dunet hjir de grûn!
Sa fan ’e hege heuvelrêch
Sjochst heel de frjemdte rûn.
Dêr leit in marke, dreamestil,
As sulver blinkt it wiet;
Hoe hâldt de blide skyn ús fêst,
Wat is it toevjen swiet.
De blanke wolken driuwe sêft
Oer wide himmelsee
En fine oan ’e fiere kust
Har gouden wente ree . .
O, Feiteman, do dreamste mei;
’k Sjoch ’t op dyn wêzen stean
Hoe’t wûnd’re bylden, frjemde langst,
Dy troch de siele gean.
Al wat dy earne leafs wjerfoer
Riist út ’e djipte wei,
Komt libben om dy hinne stean
Yn ierdes ljochte dei.
En, feint, no kinst wol foar dy sjen
En hâld foar ’t each de hân;
Ik wit in selde goede God
Brocht ús yn wûnderlân.
De dykhúskes
De húskes stean sa hjir en dêr
As delstruid oan ’e dyk;
Hja haww’ it dêr sa rom en frij.
Elts op him sels in ryk.
En as men by it paadsje op rint,
By dyk op, nêst it hûs,
Dan leit dêr d’ âlde, wide see
Mei it trouwe weachgebrûs.
De see jout mannichien it brea,
Dy’t mèi syn krêft betwong,
Dy’t wrotte oan ’e hege dyk.
Wêrop ’t geweld fergong.
De see jout wille yn wintertiid,
As dûkers komm’ oan ’t haad,
As ’t wetter oerfljocht, bût oandriuwt,
Dan libbet wer ’t âldFryske aard.
Dan mei heak of gewear d’r op út
O, ’t moaie, rouwe bestean!
In man is noch allinne wat wurch
Wêr’t heech de weagen gean!
Ik sjoch sa’n húske, it stiet der sa lij,
Sa nochlik op ’t eigen stee;
De keamer wat swart berikke, mar smout,
It efterhûs rûkt nei de see.
En lit it no wêze in nije tiid,
Dy’t fan frijheid en rjochten praat, –
Dy’t hjir wennet wol syn rjocht ek ha,
Mar net fan syn dykhúske skaat!
De graniums
De graniums pronkje
Foar earmeljus glêzen,
De froulju hâld’ se
Mei leafde yn wêzen.
Hja binne sa grutsk
Op de reade blommen.
Dy’t buorwiif en keapman
Om ’t measte rommen.
As mar ienkear de bern
By de boer har ferhiere,
Dan hat men wat tiid
Om jins went op te sieren.
De keamer bliuwt skjin
En de stuollen blinke,
En it wiif kin ris wat
Oer it ien en oar tinke.
En giet dan har each
Nei de moaie blommen,
Dan sjocht men wat bliers
Oer har antlit kommen.
De hannen
De dichters hannen seach ik; hy wie stoarn,
Sa no dat byld. De twa fan boppen earst,
Fan ûnd’ren dan; in smel en krêftleas pear.
Doe seach ’k my sels: ek as dy oare meast.
Wat haww’ hja dien? De pinne stjoere koe;
Of wie it toetsetik? Hja bouden net fan klaai
As oaren wol, de foarmers fan it byld,
Yn namme feint, mar fan in ealer skaai.
Hja meanden, dolden net; hja brochten net
It swiere kroadfol by de dealje op;
Hja hellen net har part oan fan it tou,
As it lûken is, op foarmans koarte rop.
En wer sjoch ik de skrale tsjinners oan,
Wêr d’ ieren, tearkes, waarden wol oermâns.
En oare âlde hannen sjoch ik wer,
En in fyn rinkje gean ik sêft by lâns.
De hege dyk lâns
De hege dyk lâns rûn myn paad
En ’k eage oer ús lânsdou:
Dêr lei de greide mei ’t bûnte fee
En de reidomrâne bou.
Oan dykskant foar my it lytse doarp
Mei syn grienbespitste toer,
De reade wenten dêrom gear:
Har oanhâld en har stjoer.
Dy lytse swalkers fan ’t minskeskaai
Hoe krûpe se ominoar ta!
Hja moatte, wat binn’ se allinne?
Har oanhâld en stipe ha!
En lofts dêr leit de wide see,
En de weagen rôlje oan,
En falle en brekke, wurde wei
En komme, komme aloan …
De hikke
In fêste wachter stiet er op ’e daam
Tusken de peallen, neigeande, op syn stee;
Skier en ferware yn in trouwe tsjinst,
Beskutter fan it erf, warder fan ’t long’rjend fee.
Syn fjouwer planken lâns, syn standers òp
Joegen de ieuwen oer oan ’t gea har stal;
En tsjochst nei ’t noard, de griene marsken del,
Dy bliuwt dyn freon yn rige sûnder tal.
Foar ús gong er net op; syn omstap wie
It paad nei doarp en dyk; mar – swiidste tij –
As foars de weide nei de skuorre swinkt
Dan makke er wiid de wei nei ’t hiemstee frij.
By him wie ’t wrinzgjen as de leane lâns
Kaam jûns de maat. En mannich kear
Wie hjir it ôfskie yn ’e ljochte nacht,
As leafde hie har lêste stom petear.
De hoven yn 'e bloei
By ljochte moanne soen’ hja byinoar komme:
De dei falt lang waans leafste komt tenacht.
Nei ’t lân teach al it folk. Skien’t sy de wacht
By ’t fjoer hie en by ’t miel, ûnder it fromme
Skaad fan ’e hurd, wat ûnk soe oer har komme?
Is ’t net of, no al, har wat lûkt mei macht
Under de hege middei’ sêfte ljacht?
Tel hat se wite gaas en kape nommen…
Mar út ’e hûs, sjoch rûnom oer it fjild
Der stean s’ as hja yn kape en wite gazen,
Betsjoend as yn in sliep fan hûndert jier,
Te wachtsjen op ’e trêd fan feintsje kwier,
Op fleur’ge rop, lûdroftich hoarneblazen
En in blier antlit oer ’e muorre tild?
Nei it Hollânsk fan H.J. Boeken
De huzen stean iepen
De huzen stean iepen; hja sjogge my oan
En noegje my swijend yn;
En al har bewenners binn’ feardich en wol
En hawwe har âlde skyn.
Hjir is de feint, dy’t mei him draacht
Wat stoar yn it ierdske dal;
Wat ienkear krêft en bloedslach hie
Jout hy gedaante en stal.
Och, libben of dea – wat wie, dat is
En stiet foar ivich fêst;
Gjin godheid dy it wanken docht
Wêr it toev’t yn neitiids rêst.
– In rook, in lûd. It libben riist
Ta dei. In fyn gerûs
Sjongt troch de romten; sinne blinkt,
De wyn waait om it hûs.
De idee fan Koarnwert
De idee – sa witte jimm’ – is it ‘ûnstoflik wêzen dat yn it begryp
kend wurdt’.
Ta de idee fan Koarnwert sil syn bydrage jaan de âlde stompe
toer, dêr de skraaits fan no foar yn it plak komd is,
En it boerefolk dat by syn libben dy toer foar eagen hie
En dat by syn dea yn ’e tsjerke of op it hôf syn grêfstee krige;
En de wyldsjitters en fiskerlju dy’t oan ’e dyk har bestean
sochten;
Mar ek Auk fan Alle’ Boukje, dy’t ús op de bûthússtâl
har teltsjes ferhelle, kin der wat foar betsjutte.
Miskien hat it sin hân dat ik it Wrâldbestel dêr noch eat fan yn
it ûnthâld bringe mocht.
Mar no dat petear fan Casper de Robles en Aylva op ’t hôf
te Koarnwert sa’t it yn de ferbylding fan Poortinga pleats hie?
As hja dêr Skraard lizzen sjogge dêr’t Aylva syn âffaars tahâlden
hienen.
Wier bard is it net en faaks hie it net iens sa barre kinnen:
Stie der net earen de pleats fan Klaes Douwes tusken, dy’t
letter ôfbrutsen is?
Nee, ik wol Ype net misledigje, mar dat moat yn de idee dochs
wol wat fan minder rang wêze.
Hoewol, sis ik wer, betsjut sok barren yn ’e geast ek net sa folle
as it materiële fan it piksjitten mei in heale klinkert efter
de dyk?
O geast fan de histoarje, lit hjiroer jins ljocht skine!
De ierde nei
O doe’t ús hannen de klaver skearden,
Troch ús fingers de kerlen rûnen,
Fêst oan har lichem ús fuotten sluten!
Doe’t ús wûnder wie har heechste waachsen,
It reid dat ús diek en de machtige beammen;
Doe’t ús wille wie har leaflik sieren,
Kleur en rook yn ’t oerbyld foarme…
Hjoed yn ’e rein wie hja my wer effen as doe;
No net it ljocht dat ús omstreaket,
Mar hjasels sa as hja yn ’e dize donker iepenleit.
In fine rook komt fan ’e bou;
Efter de skûne tikjend harje de mannen de sichte;
Hoe nei soenen dy har wêze?
Troch it wiete gers gean ik nei it doarp;
Op ’e terp stean de huzen te wachtsjen.
Ik begroetsje har ien foar ien,
En gean myn wegen.
De jefte
Al wat ik skriuw, dat is wier bard.
– Ik haw gjin krêft fan hege fantasij
Dy’t miele kin in wûnder mearkelân
Of, machtich, iependocht in kommend gouden tij. –
’t Is it bêste wat ik haw; hjir kamen gear
Myn lokkig’ oeren allegearr’; fan jeugd en ljocht
De skienste dream. Ik jou it wei,
En wa’t d’ âld taal ferstiet, haw ik betocht.
Wie it myn eigen wol? It kaam my oan
Fan myn geslacht en giet nei har wer ta.
It is fan sibtal mear as man it erf,
En elts hat part oan wat ik gearbrocht ha.
Sa binn’ hja riker as har steat wol seit;
Har miene himrik is dat romme fjild,
De sang, de gloed, de klaverrook,
De see fan ’t lân, dy’t weeft en tilt.
Wat lang foarby is, rôp ik op
Ta nije dei; har krêft, har jeugd; in ljochte ring,
Wat ienkear wie, ferlern mar net fergûn,
Ferskynt yn teare glâns: in blider ding.
De jonge
Fêst op it gledde seal,
Ien mei it wiel dat him draacht,
Trapet de jonge de wegen út.
Linich geane syn fuotten har nea fertraagjende rûngong,
Effen mar roere syn hannen d’ oerstallige stjoerstang;
Unbeskromme skôgje syn eagen de wrâld yn,
Wat soe er eangje?
Mar om ’e hoeke
Lizze de winen,
Ienlike flakte is har draafpark;
Bergen komme op oan it loftrom,
Djippe skaden dekke d’ ierde.
De jonge benearet de tsjust’re romte,
Him gnjirdzje en brekke de fûle winen;
It roazich antlit wurdt bleek ferlutsen,
De eagen siikje hâld en hulpe,
De fuotten traapje om it libben…
– Mar, dêr komm’ de ljochte wenten,
Sjoch dêr binn’ de lije paden.
Dêr is freonene help en stjoer!
Njoere machten skrilje en wykje,
Hâlde eachyneach gjin stân!
En fertroud giet wer it traapjen
Op de froede wenten oan.
De kastlein
Ien fan ’e Likendelers út ’e âlde tiid,
Rou roversfolk, skrik fan de noardersee;
Oant har fersloech de sterke handelsstêd
En roeide út East-Fryslâns tsjoede stee; –
Of Grutte Pier yn delgong; sa’t er stie te Snits
By de Heecheinster piip, en seach de skippen gean;
In groulik man, wyldút it swarte burd;
De bern fan fieren bliuwe skruten stean; –
Sa sjoch ik him der stean: in foars en machtich man.
Fan wêzen stroef en stoersk; hy docht syn tapperswurk,
En jit de romers fol foar ’t folk, en tsjinnet har.
Mar feintsjes, hoedzje jimm’ of fjoer slacht út it swurk!
Wat mei er foar him ha? Is it syn jonge tiid,
Doe’t hy, allinne, feint, as ’t him yn ’e holle kaam,
Leechreage sa’n herberch? Slûksturtsjend gûn’ s’ er út
Ear’t har de woedzjende yn syn earmen naam.
Of is ’t syn frijersgong tsjin famme âldene sin:
O lyts fersteur, wa keart de wylde wyn?
Wie him it hûs ferbean, de faam dy woe him ha;
As ’t oars net koe, dan ta de skoarstien yn!
Of giet him troch de holle frjemde fantasij,
Fan jonge langst, fan swalkjen en in wyld bestean,
Sa as fan Pier en Stortebeker yn dy rouwe tiid,
Doe’t ûnbedimme in man syn aard liet gean?
Mar wie ’t in dream fan jeugd, fan romte en see,
Licht dat in glim fan ljocht glied oer syn wezen stil!
No bliuwt it stoersk en njoer; en effen giet syn hân
Nei ’t stee ta fan de freon, dy’t him ferdjerre sil.
De krante
In klomp oan ’e jisterpeal; dêr brochten wy
De krante yn foar ’t Jan Barts folk, op ’e helt
Fan de kertiers distânsje. ’t Stiet my foar
De tredde peal: ’t moast net te ticht by ’t paad!
Letter – ús buorman kaam as nije maat –
Wie ’t makliker.
Doe wie der ek al ’t Nijs; Nieuws van den Dag;
Mear foar it yntellekt (Nim ’t my net kwea!).
De master earst en dan noch trije man,
Dêr út haw ik de letters leard.
Mar no de Ljouwerter wer. Tekoart foar ’t yntellekt?
Mar dat is no dan oars! Wat krante hat
Safolle wysheid yn? Ik neam allinne mar
Dy J. J. K. en S. J. v.d. M.,
Wat moatte dat gelearde mannen wêze!
Dan P., mei styl; dy oare man v. B.
Hat ek syn weetsje wol. En sa mar fuort!
(Mar wat wie ik in jobbe doe’t ik destiids
As losfêst stikjesman hjir ynhierd wie!)
Mar gean ik hjir ’t fernaamste net foarby?
It nijs, it nijs, dat lûkt ús dochs it meast:
Sà is it libben en sà rint de wrâld.
Dêrom rikt ek de sike noch nei ’t blêd,
Oan ’t lêste ta; in net te skatten freon.
– En foar de freon hjir noch in inkeld wurd:
Twahûndert jier! O wûnderryk ferskaat!
Yn Stêd en Doarpskronyk nimt it ús mei.
En no de takomst yn. Twahûndert, tûzen jier,
Sa lang as ’t Fryske folk moed ta it libben hat!
De krúsgong
Fersen 5489 5530
Oerjûn waard doe foar de Joaden
aller minsken bêste,
de haters yn ’e hannen,
yn bittere bannen
nypjende twongen,
wêr him de grime
fyanten ûntfongen;
it folk him omkrong,
de skanddieders mannichte.
De machtige Drochten
ferdroech mei geduld
wat it folk him oandie.
Hja hjitten him te giseljen,
ear’t hja him it libben,
de siken, namen;
en spijden him yn ’t antlit,
dienen it ta hún;
en mei har hannen sloegen
de mannen op syn wangen
en him syn kleed benamen
en klaaiden him de rovers
doe mei it reade lekken,
en dienen oare dingen
yn har kweaaardigens.
Hjitten doe in kroane
fan skerpe doarnen
wûnderlik te winen
en de wâldende Kristus
setten
hja sels dy op ’e holle.
En gongen op him ta
en groeten him as kening
en foelen op ’e knibbels
en bûgden del de hollen;
’t wie alles om te hunen,
mar Hy koe alles drage,
de Drochten fan de folken,
de Machtige troch syn leafde
foar it geslacht der minsken.
Hjitten hja te meitsjen
mei de bile’ skerpens
de mannen mei har hannen
út de hurde beammen
in krêftich krús;
hjitten doe de Kristus,
it sillige bern fan God,
sels dat te fieren,
ús Drochten dat te dragen,
dat er soe ferbliede
stjerre de sûndeleaze.
Dêr gongen doe de Joaden,
de mannen nei har wille
laten de wâldende Kristus
de Drochten nei de dea.
Dêr koe men drôve dingen
smertlik hearre.
Skriemend efternei
kamen froulju snokjend,
manlju weinden
dy’t fan Galilea mei him
wiene komd,
fiere wegen folgjend;
har wie hars Hearen dea
swier fan soargen.
Doe spriek er sels,
fan de bern it bêste
en seach efter him;
hjitte har net te skriemen,
‘net mei’ jimme,’ sei er,
‘bedroevje
myn útreis,
mar mei skriemen mei’
jimme
jimme tsjoede wurken,
mei weeën bekleie,
mei bittere triennen!
Noch sil de tiid komme
dat de memmen
dêryn har fermeidzje
de Joadske frouwen
dat gjin bern har wurdt berne
yn har libbenstiid.
Dan sill’ jimm’ jimm’ sûnde
smertlik ûntjilde;
dan sill’ jimme winskje
dat jimm’ hjir bedekke
de hege bergen,
djip bedobje;
dea sill’ jimm’ dan wêze
leaver yn dit lân
as sokken minskemoard
te belibjen
as hjir dit folk dan komt.’
De kuier
Tegearre gongen wy, myn jonge freon en ik,
It paad lâns, dat my leaf wie, troch it blide lân;
My lûkt syn bliere jeugd; wat hat yn my,
Ferbloeid, betard, macht op syn wêzen hân?
Gewillich joech er him no nei myn rêst’ge gong
En hâlde yn, wie ’t dat ik effen stie,
Om oan te tsjutten wêr ik ’t skiene wist
Want hy moast sjen, wat ea myn freugde wie.
Yn djipste pronk lei maitiids griene lân;
Fan fierens balt in ko; de froasken roppe sa;
It foarjier sjongt yn my syn machtich liet,
De blanke wei rint nei ’t ûneindige ta.
En nêst my klinkt de ranke, jonge stim,
Dy’t licht dan sjit foarút en dan wer keart,
En sjongt fan jeugd aloan; de blide sang
Fan wa’t gjin jeft’ as ’t libben sels begeart.
Him kin net wêze ’t foarjierslûd as my
In rop dy’t jonkheid jout oan ’t âld geslacht;
Mar ek foar him is liet en kleur en ljocht,
Al ’t kostlik spul fan maitiids iere pracht.
Sa gean w’ ús ljochte paad. Wa jout, wa nimt?
Oan ’t ein, wy stean en somje en roere net,
Mar haww’ gjin kar. Dan swijsum keare wy;
En yn my klinkt: dy nei is ’t jonge hert!
De lêste dei
Hast binn’ no de blide dagen te’n ein,
En it ljocht, it ljocht fersinkt!
O weemoed, as de lette dei
Sa bleek troch de beammen blinkt!
De hjerstmisrook driuwt yn it bosk,
De foet teskaait it blêd;
It is de lêste dei; it jier fergiet,
It swiete libben stjert.
Ik wie hast lokkich; ’t jonge folk
Seach ’k by my as myn maat.
’t Wie krêft, wêr ’k oer de fjilden gong,
Bliid ljocht lei op myn paad.
Wêr ’k libbens waarme bloedstream wist,
Dêr houd my fêst myn langjend hert,
Dêr die ik wiid de earmen op
En koe, op ’t iepen stee, de smert.
Ik leav’ it folts, dat stroffelt, krûpt,
Sa as ’t bestiet, net sa as ’t wêze soe,
En plôke freugde net nei wize sin,
Mar sa’t natoer my myld beskiede woe.
No is ’t de skoane libbens lêste dei –
It is fergean, wêr’t ik de tekens lês;
De siken lizze heech, ik seach
My sels sa deadlik yn it glês.
Farwol! In freon stapt op it skip;
Sjoch hoe’t er, âlde swalker, wiuwt!
Myn bliere maten, moed en krêft!
Farwol! Wat fan myn leafde bliuwt.
De liereman
Mei kykkas en liere de geaen út
Sa swalkj’ ik oer hiem en hôf,
En lit oan ’e doar myn printen sjen
En draai myn lieten ôf.
Och ’t is net oars as har eigen spul
Wat efter ’t glês ferskynt;
En yn har gyng de wize alom
Dy’t út ’e liere wynt.
Mar ’t nuver kaske, it kleurich byld
Sa út ’e djipte wei,
En fan de spyldoas it fine lûd,
Dan nimt har dochs wer mei.
Fan jierren wramens de heugenis
Is út ’e siele gûn,
En ljochte dagen, frjemd ferspraat,
Haww’ har ta ien ferbûn.
O stûnen dy’t as fêste print
Sa bliuwe yn it moed,
En mei har sterke libbenssang
Ferfolje it bleke hjoed!
– Dan triuw’ hja stil de liereman
Har gave yn ’e hân,
En sjugg’ him faaks noch effen nei
As er strampelt troch ’t lân.
De ljochten fan doarp en stêd
Wy drukten ús tsjin ’e ruten
Om de rige fan ljochten te sjen,
Wêr’t it grutte doarp mei pronke;
Hoe lokke dy ljochtskyn de bern!
En o dy walmjende lampen
Fan ’e kreammen yn winterjûn;
En hoe út dy tsjerkefinsters
In wûndere dream begûn.
No lûke de ljochte stêden
Noch jimmer mei macht my oan;
Ik jou my yn har libben,
Wêr’t it weag’t en wielet aloan.
Hjir kamen de foarser krêften
Fan lân en omkriten gear
En foarmen har machtiger wêzen,
Net inkeld en mijend mear.
O dat ljochte, sterke libben,
Hoe nimt it de sinnen mei;
En ’t jout my wer wat fan ’e wille
Fan in berne merkedei.
De lodde
O earste gravens wûndere bedriuw!
De ierde, dy’t ús draacht, jout mei!
Do stekst de lodde er yn, hy giet yn ’t lichem op;
Dy grutte, machtige ferwint dyn krêft!
Do dolst dy hoale en grêft; de bult,
Dysto dy winst, wurdt terp of dyk;
Der is gjin ein oan watsto bouwe silst!
Yn ’t lytshús leit al ’t ark:
De lodde en skeppe, sibben, nêst inoar;
Dan – bandigers fan wâl en sleat –
Snijseine en heakkel; stikelspar en houwe,
It lichter reau.
De lodde is dyn maat, dyn hân
Past om ’e jelt; it yl kaam fan dy feint!
It gledde blêd is skuorre fan dyn krêft,
Asto mei macht it dreauste yn ’e grûn,
De wrede klaai tebriekst.
Dy sleat hast slatten; yn ’e greide hast
De fuorgen dold.
Dy bou hast hakke mei dyn sterke freon,
Hoe mannich jier! It izer sliet,
Dyn lichem mei; en stiif en krom
Sa makke it wrotten dy; hast is dy ’t wurk ûntkomd.
– En allegearr’ wêrfoar? Moarn sil dyn âlde maat
Yn oare hân dy grave it stee dêrsto yn rêste silst;
En alles is foarby.
Mar yn dit gea, myn bodder, hasto boud
En dien wat moast. ’t Hie sûnder dy
Syn plak net sa yn al it ierdske hân.
De fruchten fan dyn hân
Bring’ ús fan al ’t bederf har part;
Dyn sleat is d’ ieuwen oer in skieding fan it erf.
En ast’, de lodd’ op ’t skouder, jûns nei hûs ta giest,
– De sinne blinkt der op: in byld yn gouden glâns –
Wa gûn syn wegen yn in suv’rer skyn?
De lyryske jammerdearlykheid
‘DE LYRYSKE JAMMERDEARLIKHEID HAT NO IN EIN NOMD’
Sjochsto dat skip mei wite seilen?
It hat dyn leafde en lok oan board;
It leit mar effen oan dizz’ kusten,
Moarn gean hja wer te roer en skoat.
Watsto dy wûnst yn gouden oere,
Mar dat fersonk yn idel neat,
Dat hat de skipper him fergarre
En brocht ta ljochtste gloarjesteat.
It is gjin fracht fan goede dingen
Dy’t eltse dei wol bringe kin;
– Dat soe de fiere reis net hoede –
Allinne ’t ealste yn klien berin.
’t Is elpenbien en goud of fearren
Dêr’t heel in bôge gloed op leit.
In freugde foar dyn libbensdagen
Dat jimmer dy fan skiente seit.
De nije tiid
’t Is net mear sa’t it wie!
Alearen, maat, dat wie in tocht!
Fier de ferlitten greiden yn,
Oer daam en hout de paden socht!
Mar dan, dêr leit de pleats!
Allinne, fêst op ’t ienlik stee.
By âlds yn kriich, hoe feilich plak,
Bedriigd, beskut fan mar en see!
Dit is ús frjemd: de wylgen gean
Fan ’t hiem ôf rou de lânen yn;
En jinsen leit, sa wâldsk en wyld,
De koai yn heimichdonk’re skyn.
Mar o, wêr bleau de ienlikheid?
En al it âld geheim ferteach,
No’t elts, de rjuchte wegen út,
Yn wyldjacht troch de lânen fleach.
De omkriten fan Amsterdam
Nei it besjen fan it boek fan Lugt:
Wandelingen met Rembrandt in en om Amsterdam.
It wide lege lân, it doarpk’ oer ’t wetterflak;
De pleats yn ’t beamt’ begroeid, it hiem mei boerereau;
De dyk wêr’t er him bûcht; de reidwâl by de poel;
De skoaiïng en it pealguod, dat de weach tefriet . . .
Hy hat it nomd en ’t wûnder foar ús brocht!
Hie ’t sljochte lân gjin foarm? Sjoch wâl en wei en kling!
Sjoch hoe’t it stjelpdak riist, de beam him breed ûntjout;
Hoe’t foars de skoarstien stiet, de mole klear en grut.
Hjir op dit stee, yn skeante fan ’e dyk, siet hy as do;
Hjir oer de raaien striek syn hân – in ned’rich foarst;
Hy koe de rusken, ’t flach; de melkers seach er gean,
En jinsen blonk oer ’t IJ dyn fredich doarp.
Myn Fryslân, ’t is dyn susters hiem, dat yn dit byld
Teach oer in wrâld; en ’t is as eigen grûn,
En eigen skuorre en folk, wat hjir de master mielt!
Sa kom – do silst dyn lân yn skiente rizen sjen.
De parrebeam
’t Wie foarjier, de parrebeam bloeide sa swiid,
Yn syn pronk fan wite blommen:
En de sudertwirkes boarten oer ’t gea,
Men fielde de simmer kommen.
It hôf wie fol swietrook en klear wie de loft,
Yn ’e rûnte dûnse in bernekloft
Om ’e parrebeam.
Ik tocht oan ús beppe, no lang al wei,
Dy sette de beam út in krúdsje,
En gjin mem fersoarge har berntsje sa trou
As beppe, goeminske, har sprútsje.
En no is har beam fan it hôf de pronk,
Dy moaier sjen wol, moat fier fan honk,
As ús parrebeam.
No boartsje de bernsbern om ’e âlde beam,
De jonkheid yn gouden wille!
En it libben brûst ta de takken út,
As soe it fan bloeisel tille!
In wûnder sigen rint troch de stamm’
No’t hy it lije foarjier fernaam,
Us parrebeam.
O, it libben komt en it libben giet.
Op simmer sil winter komme!
En ’e hjerstwyn nimt de blêden wei,
Mar it foarjier set yn blomme!
It hôf wie fol swietrook en klear wie de loft,
Yn ’e rûnte dûnse de bernekloft
Om ’e parrebeam.
De reaboarstkes
As ik ris net mear libbe
As de reaboarstkes komme,
Jou dy mei ’t read daske
In oantinkenskrommel.
En as ik jo net betankje
Just yn ’e sljippe,
Tink dat ik it prebearje
Mei myn graniten lippe.
De see
– Hy brocht ús de dyk út en yn ’e bocht
Naam er op ’e peallen syn stee;
En seagen wy, skoft nei skoft, wer om,
Hy digere oer ’e see.
Wat goudene skippen seach er gean?
O hoe’t him it wide lûkt!
Hoe’t ljocht de libbene spegel blinkt,
Hoe’t wier en wetter rûkt!
– Op ’e kisten stiet Jintsje en mikert mar,
En sjocht nei in seehûn út.
Hoe ’t in mylde laits oer har wezen giet
Ta de gledde robbesnút!
Hja hat mei har freonen in nochlik petear,
In wûndere, rouwe tean.
It sâlte skom sit har yn ’t hier,
De wyn ritst troch har klean.
– Oan ’e dyk mei it jutte en jagerswiif
Belústere ik syn lûd;
O it liet fan dy’t as bern ús koe,
Dat grypt ús wol yn ’t moed.
Hja spriek syn rom. O dat greidefjild
Dat fan hichten noch lichten wit!
Hjir docht him iepen in djippe drang
Dy’t yn elts wêzen sit.
Hjir giet oan ús fuotten, yn weagen en tij,
Fan libben de foarse stream,
En oan ’e kimen de siele wint
Syn ljochte ûneindichheidsdream.
De Skraarder toer
Us muoike, dy’t al pake’ muoike wie,
Sjoch ik by d’ útdoar stean, de holdoek om;
En jimmer sjocht hja nei de Skraarder toer
En âlde dingen komme trou werom.
De Skraarder toer! Har fleur’ge jonge tiid
Dy hie se dêr ferbrocht en d’ âlde toer
Brocht fan har libben ’t bliid betinken wer,
Hy fan it lytse doarp it haad en stjoer.
De Skraarder toer! My ek riz’ bylden op,
Ut faarenfoarfaars rouwe tiid;
De tsjerke ’t plak, fan d’ ierd’ de himmel ’t neist,
De sterke toer in taflecht yn ’e striid.
‘Hark! d’ ûle ropt fan ’t hege dak:
Owie, owie! Sjoch Douwe fan Aylva gean
Mei feinten fan syn stins op kriich en brân!
Hjoed krijt it dryste reau syn lean!’
En: ‘Hark! De klok liedt as in gek!
Ald Jurrebaas hat syn eintsje fûn.
Twa dronken feinten hingj’ oan ’t tou,
De bargen flean’ it tsjerkhôf rûn!’
Fuort giet it âlde, Fryske tuorren ek;
Dan falt it geveldak, in spitske stiet;
Mar fan it nije libben wit er neat,
Dat frjemd foar him, syn eigen wegen giet.
De slach ferlern
O, de griene wâlen, it laitsjende fjild,
Wêr’t de bûnte rige giet;
O, de rook út ’e blanke greide wei
Dy’t al myn langsten wit!
Net wer – sa hie ik foar my nomd –
Dat ik yn leffens swicht,
De jierren namen dochs har rin,
It moed waard fêst en ticht.
Mar de triljende gerzen, de hynsteblom
It sulv’renljochte laam;
En alles wat op rokeweach
Yn ’e iepen siele kaam!
Sa stean ik dêr’ – in skuldich feint –
Dy’t brekt wat hy ferseit,
En dy’t as d’ âlde kriichsmacht komt
As in bern tsjin syn leger leit.
Mei tûzen triedden hâldt my fêst
Wat om my weeft en tilt
En alles wat ea myn leafde hie
Ferskynt yn ’t glânzjend fjild.
De slachten
Us pake is fuort en ús beppe is wei,
Oer ’e see oer it grêf nei it frjemde lân;
Wy hawwe har nei it tsjerkhôf brocht
En wer ús eigen wegen socht.
Doe binne ús heit en ús mem ferstoarn,
Mei har is in part fan ús libben gûn,
De grûn is ûnder de fuotten wei,
Wy siikje wat ús hâlde mei…
En no is it ta oan ús geslacht;
Op ús gamm’le stilen de swiere fracht;
En stadich giet it nei de grûn,
Dêrmei hawwe wy it lêste wûn.
De stêd
Wiid oer ’t lân seach ik it stedsje
Dûken yn ’e fierte op;
En oer ’t read fan dak en muorren
Grutsk omheech ús âldfolks tuorren,
Ut ’e flakke greiden op.
O, dy stêden as hja rize
Ut ’e lege ierde wei!
Dat is ’t sterke, machtich libben;
En wa’t d’ ieuwen oer beklibben
Hienen hjir har ljochte dei.
Krêft en fleur en blide dagen
Seit it fiere stêdsbyld ta.
O, as oer de bleke finne
Ier de lange skaden rinne
En dyn ljochten blinke sa!
De wyn fan Frieslân
Oer Fryske greiden waait de wyn fan Fryslân;
Sêft weeft de miederêch, in machtich swee
Foarseit de tichte flier; troch d’ âlde finne
Trêdet oerlangsum it woltierich fee.
Oer bou en marren waait de wyn fan Fryslân;
Dêr weag’t it nôt en blinkt it gouden sied.
Dêr krolje har de weachjes, batskje oan ’e igge,
En tûzen sinnen ljochtsje út it wiet.
Fan oer ’e seeën waait de wyn fan Fryslân;
Heech gean’ de floeden, mar de dyk stiet fêst.
De skippen buize troch de drege weagen,
De seilen bûge del de stoere mêst.
Hy is deselde dy’t foar tûzen jierren
Ut it grime noard ús foarfaars pleage brocht;
En dy’t ús mannen droech, foar ’t Krús nei ’t easten,
Har freon, har tsjinramp op har fiere tocht.
Hy koe âld Starum; hy brocht Hylpens fluiten
Om ’e east nei Nerva; rûnom is syn stee
Mei oare nammen. Al wa ’t lân t’ ûnrom is,
Hy is har spylfeint; strûst mei har oer see.
Fan ’t west in suv’re rook strykt oer âld Fryslân hinne;
Wiid oer ’e sâlte see naam hy syn paad;
It neare driuwt hy fuort. O sjoch him kommen;
In flugge, stoere feint; nim him ta maat!
Frisk as de wyn! Draaf mei him troch de geaen,
Myn feinten! Ut ’e lijte, fjild en waar binn’ skoan!
Lit frij him krêft ûntjaan! – Lied’ net de klokken?
It feest fan kriich en moed giet oan!
De wyn yn de delling
Libjend yn ôfsûndering bûten de wrâld
Stil fan myn allinnewêzen genietsjend,
Lûk ik it tou fan myn doar stiver oan
En stopje myn finster ticht mei woartelspul en rintfear.
Myn geast wurdt ta sjongen brocht yn foarjierstiid
En by de fal fan it jier is it hjerst yn myn hert.
Sa it feroarjen fan de bûtenwrâld efternei geand
Haw ik fan myn hutte in heelal makke.
De 'rimen en teltsjes' fan de bruorren Halbertsma
Hoe jamk brochtsto my nocht yn tsjust’re jûnen,
Do bliere treaster fan ’t ferbûke herte,
Joechst wer it lok fan lang ferfleine stûnen
En tôgest my yn dream nei ’t plak fan berte.
Us kunde is al âld: dyn earste lieten
Heard’ ik as bern oan memme skurte sjongen,
As wy de winterjûns te skim’rjen sieten
En bern, fan tsjuster eang, om sankjes twongen.
En letter kaam de nocht oan ’t bizich teltsje
En lies ik mei begryp dyn moaie sangen,
As fan Marije’ dea, fan Jokk’ en Jeltsje.
En d’ himmels straff’ op Sytsk’ oerdwealsk ferlangen.
Mar mear noch bist’ my no: it hele libben
Fan Fryslân joust’ my en fan ’t folts de siele,
Yn dy fyn ik my sels, myn honk en sibben
En wa kin ’t frjemde lyk as eigen fiele?
Do joust’ ús ’t lân mei greiden en mei marren,
De wille en ’t wrotten wist fan ’t folts te mielen;
’t Fermeits joust’ ús yn merkjen, riden, farren,
It bodzjen sjogg’ w’ yn greidboers deistich pielen.
Dyn taal is echt; sa hat ús pake sprutsen,
Mar opskreaun is ’t mei dichters gouden pinne,
Dy hearre ek wat yn herten bliuwt bedutsen
En dy it hege en sljochte skiede kinne.
O nommel bruorrepear! elts’ mûle moat ferstomje,
Mar do silst libje, al is lang ’t bient fermôde,
Want ’t Frysk team, dat op sokken skaai kin romje,
Dat sil dyn wurk yn iv’ge eare hâlde.
Dei yn Desimber
Ik rûn troch ’t gers, en wei wie al ’t gedoch
Fan stêd en moedsum wurk; ik wie in bern
Gods ierde nei; fan my foel ôf
Wat op my woech; ik koe de himmel sjen.
De loft skuort iepen! ’t Lege winterljocht
Bloeit wûnder op! De stive westewyn
Driuwt útinoar it grize wolkentek;
It blide wetter jout in blanke skyn.
De teisters rankje oan ’e griene wâl;
In angeler slacht út syn simmerreau;
It reidleaf wappert fleurich yn ’e wyn
En yn my libbet al it sterk bedriuw.
Dêr giet de wrâld net mei foarút
Ien mei it libben dat de ierde draacht,
Ien mei ferline en de slachtene stream;
Dat is it lok fan rykste pinksterdei
En triljend stiicht it liet fan swiidste dream.
Mar o, dêr giet de wrâld net mei foarút!
Dy moat ‘agressy’ ha (op ‘heech nivo’?)
– Dat wurd naam ’k fan in freon; it kaam my oan
Mei mear: in priuwke filosofyargot.
Dat is ek wol wat Zarathustra spriek
– Sa fier as ’k lêze koe út dy skriftuer –
De dichters binne dan wat efterop;
Myn freon hie ’t wurd, `argayske kultuer’.
Mar ik sprek sa: it wrâldstel nimt syn baan,
Mar dy is jûn dyn eigen oere’ goed.
Foarút? Omheech? Hjir is de heechste bloei,
In goddelike glim yn ’t alferfoljend hjoed.
Deselde bliuwe
‘Jo bliuwe dochs jimmer deselde,’ sa sei my in freonlik man.
Mar hoe soe ik deselde bliuwe as sa mannichien my ôfstjert,
en elts nimt eat fan my mei?
Sa haw ik ‘Boer dy’t stjert’ mei belibbe, en my is foargien dy’t
nei my komme sillen hie;
Hja geane fuort en âlde libbensmienskippen nimme in ein.
Hjoed haw ik wer myn kuier makke de greide troch by it âld
hôf lâns.
Deselde bliuwe? Mar by in pôle gers kamen de triennen my
yn ’e eagen
En de beammestompen brochten my oan ôfbrekken en
fergean.
Mar dan sjoch ik dy boerekeamer mei it âld minske fan 87 jier,
dy’t in baitsje sit te laapjen.
Hja wit noch dat ik berne bin: de feint yn ’e bolderwein kaam
om it oan te sizzen.
Har stimme hat de âlde enerzjy; hja siket no in help yn ’e
húshâlding, mar hja wolle allinne by in ‘man alleen’.
Yn ’e keamer om har hinne fjouwer klokken, mar gjin ien hat
de nije tiid.
Deselde bliuwe, deselde bliuwe, komt soks dy net benei?
O jimme tiidfersetters! O jimme ‘it folts syn wêzen kenne
litte’-wollers!
Deselde sang
Noch is minen it blomt oan de wegene kant
En it jimmer weagjend reid;
En minen is it griene fjild
Yn syn ûnmjitlikheid!
Noch nimt my mei de klaverrook
Dy’t oer de finne komt,
En draacht my út – in licht beswier –
Yn ’e skimerljochte romt’.
As dan oer jimmer selde sang
My komt de freonene klacht,
Ferjou! it is ien machtich byld,
Dat heel de siel beslacht.
Wat sa it oare wêzen naam
Kin net syn wegen gean,
Mar moat yn ivichheids ûnthâld
As ien begryp bestean.
Deuntsjes
Johan, slaan do de skimmels yn!
Wy ride nei de faam,
En haww’ allinne brune op stâl
Johan, dan dy mar naam!
En haww’ wy mar in swarte guds,
Dan nim ik dy foar kar!
En bin ik net de boer syn soan,
Dan bin ik de lytsfeint mar!
En haww’ we hielendal gjin reau;
Wy binne fluch te skonk!
En ien dy’t lokkich is as ik,
Dy fynst net flakby honk!
Nei it Platdútsk fan Klaus Groth
Dichter Obe Postma, nea net folle skreaun
‘FAN GOD EN HEITELAN HAT BROLSMA, LIKE MIN AS DE
DICHTER OBE POSTMA, NEA NET FOLLE SKREAUN’
Nee, God en heitelân haww’ hja net folle neamd.
In proaza en in ferseman, en swije mar
Oer dy’t har wêz’ne hat en dy’t har libbens droech.
Haww’ hja gjin weet fan ’n himmelheit, fan ’n oanwiisd lân?
En dochs mar prate of dichtsje sa’t it hjit
Oer lân en folk, oer libbens lok en ûnk
En sûnder euvelmoed!
Oer lân en folk. – Mar wie ’t mear as in doarp,
Of sels in hûs, dàt hûs dêr oan ’e dyk?
Mear as dat minske en dy lytse gernier?
Oer lok en ûnk. – Mar wie ’t net dat feest, dy ljochte dei?
Dat droef ferlitten en dat misferstean?
– Mar binn’ dy losse dingen meiinoar
Net as in lân en folk, noch ûnbeneamd?
Soms neame hja it Fryslân; is dat net sa goed
As oarlju’ heitelân?
Oer God net folle skreaun;
Mar wa skreau oer God sels?
En frommens wie dizz’ grutte bouwersman net frjemd.
Sjoch Lea; mear as ien lyts mantsje ek
Dy’t jonkheid ’t goede wiist. En Bokke dan
As er d’ earste dei de Heare trou ferseit!
Dan stean ik faaier en myn frommens hat net oer.
Neam ik wol God, as ik alsiele sis,
De alomfetsjende, ûneindich as… hja sels?
(Mar dêr is gjin geslacht) – De leafde foar wat is
Liedt nei har ta.
O Brolsma miich, o grûn en minske man,
Sa dochs in wurd oer God en heitelân.
Dichters
Der binn’ dichters dy’t it ûnsjenlike miene;
Mei wyn en see woll’ hja it beneame.
Oaren sizz’ ierde en dy is har dreamen.
De earsten sill’ grutter dichters hjitte:
Is it ûnsjenlike net it measte?
De oaren haw ik as freonen it neiste.
Want leaf haw ik d’ ierde as draachster en boarne;
En it swierste is my it drôf ferlitten,
Al draacht my, in triljen, it grut bewitten.
In lânstik útsnien, wat ljochte oeren,
Net mear it bestek fan it ierdske wêzen;
Mar dichter hat gloarje en wûnder lêzen.
Dichters binne sjenners?
It moast no wêze – ik bin sa âld –
Dat ik it wêzen fan ’e dingen iepen lizze koe;
Dat ik út ’e bylden wei – sa as hja dat sizze –
Komd wie ta de djipste krêft.
Mar, o wat ik fiel is net as de boarst’rige skors
En it sêfte moas fan ’e stammen;
Wat ik rûk is net as de rauwe rook fan it gers;
Wat ik sjoch is it bûthúsfinsterke
Troch it earste grien fan ’e flearebeam;
De rûning fan ’e pôle,
En de arbeider dy’t troch de fuorgen trapet
By de bouikkers lâns;
En it sêfte gerimpel fan it wetter.
Soms ek sjoch ik de fâlden op it gesicht fan it âld minske
Dêr’t de jierren yn fêstlein binne, foarby mar net fergûn,
Libben yn it goede ljocht;
Of it antlit fan de jonkheid, dy’t wachtet,
Blank en iepen,
Mei de sinnen, dy’t alles nimme sille.
Dichters stoffe
Wat fan it libben jout ús de dichtersman.
It mei wêze fan in Aldfrankyske keningssoan of in Spaansk
matroazelodske,
Of faaks mar fan ‘ons Henk’ dy’t yn ’e ‘bieskoop’ komt.
By my giet it faak wol oer Frysk boerefolk;
Yn ’e útlânen bin ik sa net thús en de bioskoop is my ek net
hiem –
Dan is it by jo gau ris in âldere frou, sa sei my in skriftekundich
man,
Der moat in âld minske west hawwe, fan wa’t jo in bult
hâlden ha.
En, sis ik sels, it is ek wol ris ien dy’t it libben net alhiel oan koe,
En is it net faker in wyldenien as in sedigen? – O, hja sille my
wol fine!
Der binne dichters tsjinwurdich dy’t in lúsjefersprikje en in
koalsblêd beneame doare,
En al it ûnnoazele dat de siele bewege kin.
Der binne, waam strekke net rym en mjitte ta goddelik
prinsyp,
Mar it libben en syn sljochte wierhaftichheid.
Hja sille it folk net winne mei deastek en moannenacht en net
is de hege skiente fan de inkelen har begryp.
Mar yn har sil gearkomme fan it wêzen fan alle wrâld.
Dit is stun'
Dit is de stûn’. In blide dream
Riist oer de ljochte wei.
De dei fersinkt; de koele wyn
Bringt fiere gloarje mei.
Wy winne dichters lân. In sfear
Fan eter; ealste freugd.
De jonge rigen gean yn ’t perk
Ta ’t boartsjen dat in folts ferheucht.
Hja spylje jeugd en krêft; in dûns,
In flecht; as wyn en see
As himmelstjert’. In skôgerswolk
Hat sit op goadene stee.
Dit is de tiid
Dit is de tiid, dat fleurich, hân by hân,
De famkes dûnsje yn in ljochte ring,
En dat hja springe, wêr de bocht har noeg’t,
Nea wurch al út en yn, mei lichte swing.
Dit is de tiid, dat yn ’e jonge siel
Klinkt fan in fier muzyk de wûnd’re tean;
Wiidiepen giet it each de kimen rûn,
Al ’t libben sjuchst er ljocht yn speg’le stean.
Dit is de tiid, dat dichters, dy’t de jeugd,
De skiente leavje – al wat ivich bliuwt –
Mei stille laits har blide wegen gean,
It paad lâns dêr’t de blanke wolken driuwt.
Doarp
Ik ried it doarp yn ’t rûn, de rige lâns,
De terpenrige dy’t de pleatsen droech.
De bou lei wûnderryk; de skûnen strang
As krigers yn ’t gelid, ’n ûneindich hear.
Dêr tusken, grien en goud, it kleurich fjild.
De huzen yn har beamt’, wjerfarrensfol
En jimmer wer de toer! In foarse burch,
It machtich sintrum fan it wide gea.
Dêr wie it, wêr’t de earbersten fan ’t doarp
Har setten ta it rjocht. Dêr, wêr’t de gouden bân
Befrissele waard, de dyk foar ’t eigen folk.
O ljochte dei! O sterk en leaflik gea!
Gjin macht hat dy’t dit sjongt; mar as er koe
Fêsthâlde eat fan wat syn freugde wie,
In byld fan Fryslân sa’t it bliuwe mocht!
Doarpke
Hjoed haw ik it doarpke fan ’e oare kant sjoen;
It spitske stike sa grien boppe de huzen en beammen út!
– Witte jimme wol dat de moaiens fan sa’n doarpke leit yn
de beslettenens? Yn de ienens fan huzen, hôven en tsjerkje?
It húske dat ik al ris beneamd ha, lei ferwaarleaze en
ûnbewenne; (mar by de tille wie der in nij by komd).
It rinnen foel sa licht, en ik rûn troch nei de koai;
Donker en swier lei it bosk yn de augustusneimiddei.
‘It sil bestean, it sil bestean!’ sa sjongt it yn my
O jimme dy’t foar ús boud ha en it erflik oan ús oerdroegen!
O sielen, o libben fan âlde geslachten!
O alles dat op my ta komt en yn my behâlden wurdt!
En dan wer de man op syn stoel, dy’t mei it tou de hikke foar
my iepen lûkt.
Doe't ik in lêste dicht oangean woe
Foar plechtich ôfskie bin ik net de man
En foar in freon, te weinen, haw ik neat;
Ik gean wer fuort sa as ik kaam, in feint
Dy’t mar ris song, gjin Master heech fan steat.
Sa ek dizz’ moarn: in sicht oer ’t fjild,
In hynder, wyt, dat slipet; tichter by
In man oan ’t sljochtsjen, âld augustuswurk.
Yn ’t koatersstrinkje, op weidersgong, twa kij.
In simpel byld! Gjin blâns fan nije wrâld,
Fan dei dy’t rize sil yn west of east;
Wat boerewurk, mar optein yn it ljocht,
En strieljend útriisd boppe ierdsk fergean.
En mear ferskynt: ’k sjoch heit’ en memme tiid,
Har freugden byldzjend tsjin ’e kleare loft;
Fier bûten hjoed en syn benearjend stik,
Ut wankâlt wei en roppers lûd geroft.
En alles komt: âld’ ieuwene libbensstream,
– Eat oars as ’t spreukespul wêrmei de rinders gean;
Allinne fromme oerjeft’ komt har nei;
Is fier ferrûn, mar sil as wy bestean.
Dream en libben
Fier gean ik de blide wegen
As de stille neidei komt;
’t Lette ljocht hat al it libben
Yn syn wûnd’re frede nomd.
As de meander dan strykt de seine,
De molkwein op hûs oan giet,
It liket sa frjemd ferheven
As ’t op âlde printen wol stiet.
As leaflik jinsen it tuorke
Syn spitske omhegen stekt,
En de simmerjûnsang fan ’e sleatten
Allinne de stilte ferbrekt…
– O, hoe fier fan it libben, it sterke,
Hat, dichter, dyn wei dy laat,
Ast’ sa yn ’e dream fersonken
Dy loaikjend deljoust yn ’t skaad!
’k Mette ’t hjoed yn ’e gleone sinne
Oan ’e dyk by peallen en stien,
Dêr hawwe de sterke earmen
Har grutte dieden dien.
En myn feint, ’t wie by dy doeste gongste
Yn ’e wyn op dyn lange wei,
Oer ’e ienlike flakte naamste
Dyn moedige wêzen mei.
O krêft, o jonge libben!
Wat is dy dreamers liet?
De wyn en de fûle sinne!
Mei ierd’ en himmel striid!
Dream fan in âld man
As ’t simmer wie, en ik wie sûn en fluch,
Dan op ’en paad en nei d’ old country ta!
Ik haw myn moed net ear’t ik, de terp yn ’t rûn,
Noch ris myn âlde kuier makke ha.
In hele reis; op ’t lêst dochs is it: ho!
En dan op stap, de blide greiden yn;
En fleurich gûnzjend wip ’k de fuorgen oer
En swaai myn gongelstok as lang ferlyn.
O, alles is no libben, glâns en ljocht!
Heech rydt de sinne yn syn keningswein;
Steil út ’e wâlen gean de ljurken op;
Licht komt in tearke oer de stânen flein.
Ik bin wa’t teach nei ’t fiere lân; ik wie
Noch juster op myn farm en skôge it coarn,
Of seame in swartkop om, dy’t yn it tún
De fruchten mei syn loaikjen hie bedoarn.
Ik bin in lytse man, dy’t yn ’e stêd
By bern oan hûs no brekt syn sober brea;
Hjir yn ’e greiden wie syn libbenswurk,
Hjir makke er d’ ierde ree, en garre it hea.
Ik bin âld master, dy’t syn dagen sliet
Dêr jinsen efter ’t wytbestrutsen rút;
Dy’t kundich makke foar in grutter wrâld
Oant dat de fûgels, dryster, fleagen út.
Ik bin sa mannich man en warber wiif,
Dy’t hjir syn went en berneboartstee hie,
En dy’t noch jimmer wer dàt selde lûd,
Dy âlde rook de siele triljen die.
Ik bin wa’t al te jong it libben liet;
Wêrom hy net? Hy is as ien fan ús;
Wat iens syn wêzen wie, is net ferlern
Mar strieljend bleaun. No komt er mei my thús.
En allegearre gean w’ op ’t doarpke ta,
In stoet sa frjemd as ea dit miedlân hie!
Heech oan ’e himmel blinkt de sinnewein,
De loften binn’ fol sang – as ’t simmer wie …
Dy libbens
En al dy libbens, mânske galerij!
En elts in blêd yn it Boek, in koart ferhaal,
Mar ’t wint gjin priis, ’t is te konvinsjoneel.
En dochs, en dochs, it hie syn eigen doel:
Opwaachs út d’ ierd’ sa ’t dy dêr lei,
De bloei fan eigentiidske ieu.
Foar my wie der in wurd, in laits;
Eat fan harsels: betrou útsûnderlik!
Hja hienen my yn rjochtlik neibestean.
Sa waard ik opbrocht as in mienskipsbern.
En om my hinne lei de ierde, ryk;
Dêr hie ’k myn stee as einierd bouwersman.
Ein
Noch in boek mei wat sangen; wat witnisspul
Ut âlde brief beskreaun?
Mear kin ik net wachtsje; de oere giet,
De dream is hast ferdreaun.
Fier oer de bergen it ljocht dat ea
Ut fergûne sinnen blonk;
Troch de beammen in rûzjen fan ivichheid,
Dêr’t al wat wie fersonk.
Ferstoarne geslachten’ wêzens skyn
Stiet bûten tiid en stee.
De weagjende siele naam har op;
Sa jou dy oer oan de see.
En dochs
En dochs as strak de sinne skynt,
It ljocht fan hege himmel striel’t,
En blauwe baitsje en reade dak
Mei waarme, fêste kleuren miel’t –
Hoe blinkt it wytguod, froulju’ pronk!
Hoe kraai’ de hoannen oer it fjild!
It is sa ljocht en rom en blier,
Hoe wurdt it moed om hegens tild!
O eltse dream, dy’t lok betsjut,
Is opbloeid út it waarme ljocht!
Mar de himmel bliuwt oer ’e âlde grûn
En de sinne dy’t it libben brocht!
En hjoed
Dykhúske, boerepleats, doarp, stêd –
Dat binn’ dy’t wâld ha oer it Fryske lân;
Elts hat syn stee; ik wit har hear,
Wa hat har sa yn leafde hân?
It húske keal, de pleats yn ’t beamt’,
De buorren ticht om ’t tsjerkje dreaun,
De stêd foars rizend út it fjild,
Sa haw ik har yn liet beskreaun.
En hjoed – de fisker skoot it boat,
De molkwein rattelt oer ’e reed,
Toerspitske fyn út beammen blinkt,
En havenliere raast yn haal en gleed.
Is ’t jûn, is ’t moarn? Bin ik deselde jit
Dy’t triljend naam; in feint, in bern?
O lok, noch ljochtste wei te gean
En ierde’ goede skien te sjen!
Erf
Jo soe wol flije, heit, dat dichtereach,
Dat my ûntwûn de Fryske lânen yn;
Jo hienen ek al ris in rym betocht
En hage mocht jo sa dichts wûnd’re skyn.
Har, dy’t jo leaf wie, hienen jo wol brocht
As blomferear in plôk fan poezij;
Mar och dat stille spul wie net har kar,
In bûnter ryk dêr bleau har leafde by.
Mar ek de wittenskip wie jo net frjemd,
Jo namen oan fan skiednis en natoer.
– Wat kaam der fan ta my? De stream draacht fuort,
Nei fierste stagen gean de jeften oer.
Mar mei my slút it ôf. Sa moat ik wol
Yn deioer pielen it uterste bestean,
Sil ik fan eigen om my hinne ha
As ’k, krêftûntbûn, oer ’t lêste weifek gean.