Verzamelde gedichten (6) O … P
O, deaden heech yn kleare seal
O, deaden heech yn kleare seal,
Wêr ’t each in ein net fynt,
En jimmer wer yn macht’ge bôg’
De romte út romte tynt!
In folts ûneindich yn getal,
– Mar lyts yn ’e id’le romt’ –
En elts in libben, stil bedreaun,
Oant stof oan ’e ierde komt.
Lang wien’ w’ elkoarren frjemd; wat wie
My jimme fiere ryk?
Mar no bin ik jimm’ rigen nei,
Besibbe freon allyk.
No is my ’t roas‑read ljocht fierôf,
Dat blonk op jonkheids paad;
En ’t sûnder ommetinken gean
Belune yn ’t jamke skaad.
Myn freonen, dy’t de dea bestie-
nen, grut troch swierste tocht,
’k Haw wol jimm’ skime‑rigen sjoen
En libben foar my brocht.
Koart wie de dûns yn ’t simmerlân,
En lang de wintertiid;
Lyts wie, ta rêst, de lege skûl;
It mêd lei keal en wiid.
En inkeld wie it strang‑rjocht paad,
As ploechfuorg’ yn ’e bou;
En mannich wie de wylde gong,
Wêr ’t doarmjen kaam ta rou.
Myn freonen as jimm’ wylde mied’
Sa leit myn eigen lân;
En yn it âldbewende kwea
Haw ik myn leafde hân.
Fier is de hege wûnderskyn
En wiid de tsjust’re romt’;
Hoe stûket d’ earme swalkersman,
Dy’t reed en paad ûntkomt.
Sa nim my op as eigen skaai
Yn sêftens ta jimm’ laat
As ik de stringen falle lit,
En him myn folk ferspraat.
Oan D. de B. op wêromreis nei Amerika
Noch sjoch ’k jo ôfskie nimmen d’ earste kear;
Mei wiet yn d’ eagen joegen j’ ús de hân:
Yn bernetiid wie mannich blide dei
By ús ferbrocht en frjemd wie ’t fiere lân.
De tiden wienen min, mar yn ’e frjemdt’
Wie foar in Fryske feint noch wurk en brea;
En wa’t er kaam út ’t skuorke oan ’e dyk
Hie krêft it lok te finen yn elts gea.
Wy ha jimm’ by ús hân nei tweintich jier,
It wie ús leaf; farwol, myn miich, by ’t gean;
No ien, dy’t net allinne is yn ’e wrâld
En dy’t syn skuorre jinsen wit te stean.
Oan de freonen dy't mei myn 'Fryske lân'
OAN DE FREONEN DY’T MEI MYN ‘FRYSKE LAN’ FERNOEGE WIENEN
Sa haw ik net omdoch myn trouwe sangen
Oan freon en folts – in lytse jefte – jûn,
Myn blide neitins en myn stille dreamen
Ta it ienfâldich liet oan mjitte en regel bûn.
Wie it myn freonen net it blier tebinnenbringen
Fan eigen dagen, jonkheids gouden tiid:
De âlde pleats, de dyk, de wide fjilden,
Fan see en reid it al‑fernoegjend liet?
It wie har frjemd en nij: har eigen dreamen,
Wat noch gjin foarmen fûn, yn ’t kleare ljocht?
O freon, myn dreamen ek! Sa koe ik reauntsje
Wat dy en my in suv’re bliidskip brocht.
En, âld’re freon, ienkear myn goede lieder,
En letter trouwe maat oer fjild en wei,
Hoe wie my leaf jins ynlik mei my fielen!
Joech ’t liet jo freugd, ik tink jins blierens nei.
Myn freonen tank foar ’t minlik wurd; in stipe
As lytse moed en twifel rûngong dwaan. –
Koe dan de tins net ta it heechste kliuwe,
Ik wit: wat treast mocht ik it herte jaan.
Oan dy't my lêze sille yn letter tiid
Ik sis net: heger as de piramidebou,
En duorjender as koper sis ik net.
’t Woechs út it flakke lân stil nei de sinne op
En ’t is net sterker as de minskene hert.
Mar ’t koe dochs wêze dat it dei en jier
Bewarre bleau en fûn in lústerjend ear.
De sinne hâldt syn ljochte himmelgong
En minske’ hert syn wûnderlik begear.
It is myn lân, it is syn folts; in hûs;
In boereminske yn ’t hôf; in hjerstejûn.
En siele hat – o dream yn simmerlân –
Yn ierdsk begean fan it tideleaze wûn.
It is in minske, iepener op dichters baan
As wenst wol ha woe, fij fan skuttend byld;
Hy jout him oer oan dy’t ta ’t libben giet,
In feint, in bern, en sûnder pols of skyld.
Oan R. Brolsma
O mylde geast, dy’t heel it Fryske folts
Yn leafde omfet – mar meast de lytsen nei;
Dy’t draacht de stêd as ’t fjild, en hat allyk
De bodders en de ruters fan de wei.
Yn sêfte kleuren, blier en treastlik ljocht,
Stiet byld nêst byld. Al wat er ea
Yn ’e iepen siele foel: in dream dy’t bleau,
Oant it ferriisde foar in wider gea.
Dan waachst en bloeit in tún, it jierskoft rûn;
In park, frij foar it folk ta syn geniet;
Dêr rêste hja in stûn’ nei ’t bannich wurk
En effen haww’ hja wat fan libbens swiet.
Oan 'e see
’t Is Pinkster, Pinkster! ’t greidelân
Tilt op fan ’t brûzend blomt’.
Fan ’t gouden giel fan bûterblom
En klaver yn ’e romt’.
Do biste myn leave blommetún,
O greide yn ’e pinksterpronk;
Ik jou my del oan dyn trouwe hert
En fiel my dêr sa by honk.
Dyn tûzen eagen laitsje blier
As kunden út oerâlde tiid;
Ik laitsje ek, myn blommebern,
Mar de eagen wurde my wiet.
Wat ierdske wille komt soks benei?
O hillige Pinkstersnein!
It heechste lok is op my saaid
En de himmel iepenlein.
Oantinken oan H. K.
‘Ik koe ’t net hâlde’ – wit ik noch syn wurd –
‘Fan opstân en fertriet; myn broer is stoarn,
Myn allerbêste freon!’ – Hy wie sa jong!
No hat it lot him nomd; ús giet it oan.
Jimm’ kenn’ mei my him ek. Fan jeugd,
Fan moed haw ’k yn myn fersen skreaun;
Wol meast fan him. En as betrou
In teken hjitte mei; sa nèi in freon.
Dizz’ jûn lies ’k wer dat ‘In memoriam’,
My leaf, foar Stef yn Ynje; no foar him!
‘’t Ferline is oeral’; it nimt my mei,
En by dat haltestasjon hear ik syn stim.
Oantinken oan T. H. R.
Ferreizge is de freon, waam mear as immen
Oangong it wurk dêr’t ik myn taak yn fûn,
En dy it wêze mocht in djoere jefte
Ta wittenis fan oerheits âlde grûn.
Wa libbe yn ’t âlde as hy? Dochs wie er bouwer
En skepper; yn oar’ ieuwene ring
Hie ’r wol foar master stien by it terpútlizzen
En hie beplanne machtige diken’ string.
No wien’ him nei de hege, mânske dieders,
Dy’t oan har ie oer ’t lân de wake ha;
En hjoeddei, as de fûle buien raze,
Gean wer de tinzen nei syn wurkjen ta.
Oarloch
Wy binn’ as op in skip, op wylde see,
De grûn fersinkt en wei is alle hâld;
Wy kinne neat en witte net wat komt,
Want bline machten boartsje mei de wrâld.
Foar it dichterfolk in minne tiid! Wêr is de rêst,
Dy’t ek út leed it skiene foarmje kin,
In stille dream dy’t riist, as lok yn noed?
– Want kleie oer ’t ferlerne is fan lok ’t begjin. –
Wêr is de noft oan ’t lytse minskbestean,
Oan blom en krûd? Moarn is ’t fan de ierde slein!
’t Is net de muoite wurch syn leafde wei te jaan;
Moarn rint de wrâld oarsom, wachtsje op it ein!
Oarlochssimmer
Binne dat de âlde roazen dy’t dêr bloeie, de boereroazen foar
’e finsters by de muorre lâns?
Binne dat de âlde hagen fan hagedoarn? – Hoe koenen hja
simmers fol rûpenêsten sitte! –
Binne dat net de flearebeammen mei har grutte wite
blomtûfen?
En noch altiid de oarloch! ‘Soenen wy de ein noch belibje?’
frege Jan my juster;
Ik wit it net, Jan! Mar o de ferlerne freugden! O de tesleine
libbens!
Mar de neiteam sil florearje en de bernsbern sille lokkich wêze,
dêrom is it begûn! begûn! begûn!
Dyn pakesizzer sil in ‘erfhoeve’ hawwe (oant er him wer
kwyt rekket);
En gjin arbeider sil sûnder wurk wêze (der binne gatten genôch
om ticht te smiten en huzen om oerein te setten).
Sa hat ús tiid ek syn doel hân yn it grutte belibjen.
mear rjochten as ik en myn leafde?’
Mar dan kom ik troch de ferhurde daam yn ’e finne mei syn
klaverblommen ticht op ’e grûn;
De lije simmerwyn strykt oer my hinne. O ierde’ bloei! O
trouste goed!
Oer ...
Oer de Fyske greiden haw ik it hân – mei leie en fuorgespul –
Oer de pleats dêr’t de húsman wâld oer hat;
Oer it bleekgrize húske oan ’e dyk.
Oer it boerewurk te hûs en te fjild,
Oer de kreakjende wein en it ratteljend kret;
Oer heiblok en fiskermans boat.
Oer grûn en wetter, de himmels blau;
Oer wat my meinaam yn ierdsk beskik,
Oer wat stoar en wat net fergiet.
Mar no binn’ de sinnen yn ’t eftergean,
De fuotten binn’ stramp’lich op ’t paad;
En wêr is de libbene moed?
Sa kin dit dan wêze in lêste dicht,
En it opuske komt ta syn ein;
No sille wy witte wat hâldt.
Om te sjongen net, om te skriemen net;
Mar om stil yn it ynderlikst op te gean
As in skimke fan ivichheid.
Oertinking
Heit en mem libje yn ús ûnthâld.
Folk en freonen yn dizze kriten hawwe har noch yn wêzen.
Ta yn oare wrâlddielen hinne der dy’t har by har drage.
Mar nei dit geslacht sille hja ferstoarn wêze.
Yn de stiennen binne har nammen set.
Yn oare wurden, foar wa’t lêze kin, is eat fan har wêzen skreaun.
Mar stiennen fergean en dy wurden sille fergetten wurde;
Nei in pear geslachten sille hja ferstoarn wêze.
Yn har slachte libbet har bloed en har geast.
Yn har wurk foar hûs en folk sil har diekrêft bestean bliuwe.
Mar dy bloedstream sil ferstruid wurde en dy opbou
ferrinnewearre,
En minske’ each sil it net mear fine kinne.
Mar wat west hat is wat oars as wat net west hat.
Bûten minskene net‑witten en fertsjustering.
It moat stean bliuwe yn de Geast dy’t it al belibbet;
Yn al syn fazen sil it behâlden bliuwe.
Of all the souls
Fan ’e sielen dy’t dêr skepen stean
Haw ik my útkard ien.
– As tins him fan it libben skiedt
En hat de útflecht dien,
As wat der is en wat der wie
Ferliest alle ferbân,
As dit lyts dramastik fan fleis
Falt útinoar as sân,
As stalten jouwe bleat har front
En oplûkt alle mist –
Skôgje dan ’t atoomke dat ik my socht
Ut heel de liemen rist.
Ofskie
As ’k ienkear skiede moat – in ljochte dei
Yn maaietiid wie my it lichtst –
Dan set myn bank, dat iepen foar my leit
Wêr’t jimmer ’t djipst ferlangen hinne teach.
It fine lichem, no in griis te sjen,
Leit sûnder macht. Mar yn ’e eagen blinkt
It goede ljocht, en rook komt fan it fjild;
Wat ea myn leafde hie, giet my foarby.
Dan far ik út en stilkes wurd ik wei.
Wat oerbliuwt is myn skym; beloaits it net te wreed
En nim gjin print fan de teploege mom;
’t Koe wêze dat hja spriek wat better wie ferswijd.
Al wat er foech jout haw ik jimme bean,
Bewarje dat; en mei wat leafde tink
Him nei, dy’t mannich ding syn leafde joech –
Sa lang as duorje mei de skiente dy’t er wûn.
Oktober
Ik kin net helpe dat de dream fan lok,
Wêrút wy nei de himmel gean,
Is bûn oan ’e ierd’, sa as hja leit
Dêr grien yn ’e âlde steat;
En oan ’e pleats yn ’t beamt’ mei ’t bultich blok
En mei de kij, dêr’t melkster har ta keart.
It jimmer duorjend lok net oars as sa:
De rêst, it ljocht dat net fertart;
Dy’t lang ferreizgen koenen hjir
Har sill’ge wente ha;
De fiere heit, dy’t lân en hea berêdt,
De mem mei d’ amer nei de jister ta.
Dan – sinne giet nei fiere westerkym;
De dei fergiet, de grize dau
Riist oer it lân, behinget wrâld
En dream yn ’t koele klaad.
Hjir wankt de nacht; kom mei, ús lûkt de stêd,
It bloed fynt noch op eltse tocht syn baat.
LIDDIGE OERE
As ’k myn gedichten lês, in libben,
Sa as it wearde hat, giet my foarby:
De ljochte dagen dy’t beklibben,
It suverst lok, it sinkend tij.
O, dy’t der ea wat om my joegen,
Dit bin ik yn myn klearste steat,
Dit is de siele dy’t jimm’ droegen,
Oant op it in’rlikst wêzen bleat.
Dan, freonen, dy’t ik noch mei winne,
Al dit wie leaflik: hy hie ’t leaf!
Sa koe út flues fan deisk besinnen
De siele spinne gouden reaf.
Om maaie hinne
De himmel blau, de sinne klear,
Wyt‑en‑gielbûnt de âlde finne;
Fan ’t east de middeiswaarme wyn
Strykt oer de flakke greiden hinne.
De skries ropt en heech stiet de ljurk;
It jongfee trapet troch de blommen;
Yn ’t dompich bûthús balte d’ âlde kij,
Hja fiele de mailoft kommen.
Boerinne tôget mei de faam
It bêdguod út, en yn ’e sinne:
It wierret hjoed sa wûnderskoan,
No himmelje wat hja kinne.
De bern ha skieppeblommen socht
En woll’ dêr in krânse fan riuwe;
Ien boartet mei stâlen fan hynsteblom,
Dy’t kroljend op ’t wetter driuwe.
De skuorre is leech; troch d’ iepen doar
Flean rêd de sweltsjes nei boppen;
It spinreach toutert, yn golle‑stee
Steane de keallen te roppen.
It jonge foarjier is yn ’t Fryske gea!
Do hearst’ it al binnensmuorre,
Yn kowerop en fûgelsang
En ’t winesûzjen troch de lege skuorre.
One dignity delays for all
Ien weardichheid is elts beskern,
Ien dei fan earbetoan;
Gjinien rint mis dit poarper,
Gjinien ûntkomt dizz’ kroan.
’t Bringt koetsen mei en fuotfolk,
Wet, steat en galerij,
En klokken yn it doarpke
Ride wy, grut hear, foarby.
Wat deftige betsjinning,
Wat ‘service’ as wy stean!
Hoe’t pront dan fan de hollen
De hûndert huodden gean!
Wat staasje, mear as foarstlik,
As simpel Jo en ik
Us ned’rich wapen heve
En jouwe it skiedbeskik.
Op de lêste dei fan novimber
It wie sa ljocht; de sulv’ren himmel
Lei as in blanke skaal yn ’t rûn;
En grien as yn ’e iere simmer
Blonk oer it fjild de focht’ge grûn.
It wie sa stil; fan droege reiden
Ferweegde amper blêd en plom;
In jonge glâns lei oer it wetter
En blide dingen gûnen om.
De gersbult joech syn rook; de hoanne
It boerelûd; in amerij
It âlde libben keart ta wêzen
En fiere bylden gean foarby.
Dochs wit ik efter my, oermachtich,
De stêd yn ’t wramen dat net stûk’t,
En út de blanke fierten komme
De fliten dy’t syn rûzjen lûkt.
It wie sa ljocht; de sulv’ren himmel
Lei as in blanke skaal yn ’t rûn;
En grien as yn ’e iere simmer
Blonk oer it fjild de focht’ge grûn.
It wie sa stil; fan droege reiden
Ferweegde amper blêd en plom;
In jonge glâns lei oer it wetter
En blide dingen gûnen om.
De gersbult joech syn rook; de hoanne
It boerelûd; in amerij
It âlde libben keart ta wêzen
En fiere bylden gean foarby.
Dochs wit ik efter my, oermachtich,
De stêd yn ’t wramen dat net stûk’t,
En út de blanke fierten komme
De fliten dy’t syn rûzjen lûkt.
Op de terp
It heucht my noch, ’t wie op in snein,
It hert wie licht en frij;
Wêrhinne? O wy wisten ’t net,
De wrâld wie jong en nij.
Wy rûnen stil de wegen út,
De ljochte greiden yn,
En oer de waarme fjilden kaam
De klaverswiete wyn.
Dêr lei in doarpk’ op hege wier;
Wy kleauwen op syn krún,
En seagen fan de heechste kling
Ald Fryslâns blide tún.
Hjir oan ús foet it grize hôf,
Dêrnêst in wûnder paad,
Troch beammen oan ’e steile wâl
Fan flakke greiden skaat.
O lokkich skaai, sa wie myn dream,
Dat hjir syn wenstee fûn,
En sa yn boartsjens gouden tiid,
Wat net fergean kin, wûn.
O beammen oan it hege paad,
Tefike en tegnaud,
Myn leaven, trouwe skûl en honk,
My inerlik fertroud!
In wûnder fielen gong my oan;
Ik seach de tiden gean,
En fielde my, fêst oan ’e grûn,
As ieuwen oer hjir stean.
Op har dy't 'libbensbloei' skreau
Wêr man, dy’t ea de skiente fan in frou
Sa koe beneame yn syn hearlikheid?
In each, dat him net sêd seach oan it skien,
In hert, dat frij ‘ik ha dy leaf hân’ seit.
O sels in hege frou fan it eale laach,
Sa as hja fan har boarch de pleatsen seach;
De gouden wylch, de blanke flearebeam,
De bloeiseltûken en it strielereach.
O dy’t de skiente koe, as wa fan ús?
En leafdelangstme koe, as wa fan ús?
In wylde fûgel fan frjemd glânzjend fear,
Yn hege keningstrânzen thús.
Op har terp
It wie sa ljocht. De pleatsen stiene
Heech op har terp yn fleur’ge ring
De blide hôven leinen iepen
Foar sinne’ mylde koestering.
Wat moanne of tiid? Mar al it bliere
Fan jierre‑omgong kaam hjir gear.
Ik leau… O, sjoch de finnen blinken
En fûgels doarmje om hûs en hear.
It is wol simmer. Flearehagen
Mei pronk fan wite rûkers stean,
En yn it hôfke, stil, boerinne
Lit oer al ’t moai har eagen gean.
Mar, wûnder! Yn it bûthús rêste
De bûnte kij fan ’t drege miel,
En troch it lytse finster dûnset
Yn ’t stof in lichte sinnestriel.
It is wol winter. Yn it mulhús
By fromme hurd is ’t waarm en smout
En pake hat – de neideis wille –
Heechop it âlde fjurke boud.
It is as sjoch ’k de kleurige bylden
Fan âlde twaling‑skilderij.
En fan fierwei in stille freugde
Giet oan it drôgjend each foarby.
Op in ljochte dei yn septimber
Dy doarpkes en dy arbeidershuzen kom ik net mear by lâns;
Ik kom net iens mear op it Jelsumer binnenpaad mei syn
heablok en haiweinspul.
Mar by my haw ik de strieling fan tûzen ljochte stûnen.
Gestalten komme op my ta, o hoe lang al fertein,
Fan in hiem, fan ’e dyk, út dat finstik yn ’e maaietiid;
En eat fan har wêzen is myn bestean.
‘Dat boerespul dêr hawwe wy al genôch fan,’ hat der ris ien
sein.
Mar hja dy’t Fryslân ferlitten hienen, namen it as eigen oan,
En in âlde domeny, dy’t Fryslân yn it hert besletten hie,
hâlde it by him oan it lêste ta.
Te âld foar wat nijs. Mar elts hat syn tiidrek.
En soe it net wêze kinne dat de takomst wie as hja dy’t
Fryslân ferlieten,
En dat dy âlde dingen de freugden fan har jonkheid droegen?
Op it tsjerkhôf
Op ’t lytse tsjerkhôf seach ’k jins namme stean,
Myn feint en goede freon;
In blier en freonlik aard; it omskot tear –
Te ier yn wraks’ljen bleaun.
Wie it jins Fryske sin, jins leafde net
Foar eigen taal en liet,
Dy’t my, in jonge doe, ta kennis brocht –
Besit dat net fergiet?
Dan komt ek ’t âlde hûs wer foar my stean,
Sa gol foar freon en gast;
Yn ’t tsjust’re mulhús, wat in ljochte sit!
En hoe’t er elts, dy’t oanrint, past!
En dat fergûn? Dy mem sa gol en rynsk,
Dy ring, dêr’t elts him flije mei;
Dy heit, wat strang, yn tsjerke stile en skraach…
Ik sjoch it as by dei!
It is sa libben jit as ik dy ’t dream.
Ja, âlde boer, wis yn gelovestriid,
Wat stoar giet net ferlern! It wêzen bliuwt
En libbet bûten tiid.
Op it Jelsumer binnenpaad
Dit is myn lân! De kostelikste greide spint
Om my syn reach en nimt my mei de wrâlden yn,
De ierde joech syn ealste bloed; de lette dei
Bedraacht de hjerst mei simmers jonge skyn.
It koatershûs, de blokken hea, it haiweinspul
Beneame ’t boerelibben yn syn âlde steat.
De ieuwen gean foarby, mar eat bleau oer;
Libje fan Hasker mûntsen hjir net stee en feart?
Sa fyn ik op dit paad wat fan myn âld bestean;
– O jonge tiid, o fiere dagene rom! –
En dan dit byld: in plant dy’t bloeie mocht
En no noch iepen docht syn lêste blom.
Mar wat der bloeide en die, ferstean it sa:
In dichtwurk fan in heger krêft bedreaun,
En steld yn ierde’ boek. Ik naam it op
En yn ús âld bargoensk haw ik ’t beskreaun.
Op sokken dei
Op sokken dei – de wyn is koel en heech,
Fier yn it westen glimt it iere rea;
De wei leit foar my út: in blanke reed
De wrâlden yn; de siel bespant it gea.
Fêst riist der foar my op yn ’t donk’re lân
In ljochte wentering, de skuorren, steech,
Ferbrekke foars it al te wettysk flak;
Ien stins, út âlde ieu, giet rank omheech.
It is gjin doarp as oare, boud fan klaai
En reid; ’t kin net as hja fergean;
In byld, begryp, wat namme moat it ha?
Mar ’k wit, it sil yn ivichheid bestean.
Ien part is uzes: goddelike jeft’
Sa fêst te hâlden yn ien byld wat wie,
En mei te bouwen oan in macht’ge stêd,
Wêr’t wente hat wat ierdske stalte hie.
Op sokken dei – yn ’t koele hjersteljocht
De huzen riigje har yn ’t byldflak gear;
Elts blanke finster hat syn eigen skyn,
En ’t libben bringt syn tûzenstaltich hear.
Op wei nei Alingawier
Ik rûn troch ’e finne – hoe fearre de grûn –
It âlde, âlde paad;
O dyn libben triljen ûnder ’e foet
Myn ierde, trouwe maat!
De klaver bloeide, it lân stie sa skoan;
Sêft weefde de bûterblom,
It fine kopke kreas omheech;
Hoe glânze de gouden kom!
En alles glânze; de loft wie sa klear,
Ut ’t westen kaam ’t wyntsje wei;
Heech dreauwen nêst my yn ’t kanaal
De ljochte seilen mei.
O alles fleur; mar skeind wie de pleats,
Dy’t sa blier yn myn tinken stie.
’t Wie ’t âlde, golle hûs net mear,
Wêr’t jonkheid syn wille hie.
– O dy âlde pleatsen, sa gol en froed,
En dy hôven, bernegeniet!
Wat is fan ’t lang bewarre byld
It stil tebinnenbringen swiet! –
Dêr lei it doarpke, sa smout yn it beamt’,
Sa grutsk op syn hege wier, –
Fan ús âlden omheechbrocht foar stoarm en floed,
Har taflecht yn mannich jier.
Dat is wol it echte Fryske doarp
Mei syn swiere stompe toer;
Sa seach er ieuwen fan ’t ienlik plak
De fjilden en marren oer.
Mar fromme mannen fan Allingawier
Foldie ’t yn har tsjerke net;
Hja ferlieten har heite hillich hûs
Foar in skuorke yn ’e greide set.
Dêr stiet no it keale flinterhús,
Wêr’t hja hearre de wiere lear;
En wêr’t har pake sillich rêst,
Dêr is de wierheid net mear.
*
Mar feinten, hark! In stoarm komt op!
O sjoch wer de mar! Dan de grime see!
O need! De weagen nimm’ alles mei!
It nije fersinkt; it âlde hâldt stee!
Op wei troch it Fryske lân
Eltse kear dat ik sa troch it Fryske lân ryd, docht it my wer oan.
Dêr leit dan wêr jimmer myn tinzen nei út gean;
Dy pleats dêre mei dy hege beammen dêr’t wy no
trochhinne sjen kinne,
En dan wer in tsjerkje mei wat huzen der omhinne;
Mar it measte sizze my de pleatsen.
Al itjinge dat myn libben wie kom ik hjir by lâns,
En in sprankje dêr fan trillet yn my.
Goed of kwea? Mar it is ’t libben dat ik belibje moast,
En der’t ik foar út de ierde opkomd bin.
Tûzenen fan libbens koe dizze sterke greide drage:
Wrotters en pielders, heiers en bouwers;
Koart it betinken? Lit it wêze:
’t Hat syn skikking yn ’t ûneind’ge.
Op 'de Fryske petiele'
Har sels sa goed as keunst fan heger styl!
De ierde’ follens wûn yn smeitsen eal:
In wûnder mearke op petiele stâld,
In blank gedicht op in kristallen skeal’.
O dy’t har koe as wy, is dat har net,
Sa as hja jimmer ’t rykste en ealste socht
Fan Fryslâns rom en wat de wrâld ús bea?
It heechste allinne hat hja ’t goede tocht.
Dit is har wol as wurks’me frou; in glim
Giet jimmer wer ús ôf yn bliid ferstean.
Ferliet hja ús, sjoch dit is dochs har stal,
Wy kinn’ net skrieme, sjogg’ har libben gean.
Op 'in útfanhûzer bei de bakker'
Ik seach it âlde stik fan Waling makke
Mei fleur’ge sang en bakkers deisk bedriuw,
En mei syn grappen, dy’t it folts wol flije,
Dat as in bern tsjinoer it libben bleau.
It wie dit stik, dat al foar fyftich jierren
De keunst brocht en it Frysk yn ’t stille boerehûs;
Noch sjocht ús mem har sels as ’t rêdsum Sijke,
En jimme mem kin rigels by de rûs.
Wat foel har better as ús Walings fersen?
Sa as fan Jelbe, en Haitskemuois fertriet;
Noch hear ’k fan Jelle nijboer en grut Lankum
Yn ’t bûthús fan ús faam it âlde liet.
Op 'e dyk
Doe’t ik, lyts boike noch, mei mem de dyk lâns teach,
Nei Skuzum ta, en mei de lammen prate en die,
Hoe fierôf wie my doe, dat dêr in Fryslân lei,
In strieljend fjild te sjen. Us – bern – bleau it te grut;
De romte tusken dyk en peallen wie ús paad,
Mei eltse bocht wer nij. De kisten no en dan
Us noegen ta in klim, in loaits de heechpeal oer,
Nei skip of haad en wier.
Earst letter joech de dyk ús ’t lân en heal de see;
En meast de see. De seilen blank en brún
Earst tichteby, dan fier de grutte streamen yn,
Oant har de kym ús naam; reek fan in ink’le boat.
En jimmer ljocht en libben yn it weagjend wiet.
Mar doe wer d’ âlde wei, de suderdyk;
En wòl it lân, net mear te grut mar goed as eigen grûn.
De blanke feart yn ’t easten op, dêr efter d’ âlde toer,
It Skúster fjild, de bou, omboarde mei it reid,
En alles kleur: fan grien en swart en goud. Dêr oer
It doarp, it spitske yn ’t beamt’; de huzen dêrom gear
Yn lyts bestek. En noch in doarpke; koaien’ donker bosk
Yn ’t ljochte lân. En fierder fuort in stêd …
O leaflik oard! O gouden stûnene dream!
Op 'e seedyk
De fiskerlju dêr jinsen op ’t wiet,
Dy litte har sêftkes driuwe;
As libben sulver leit de see
Dat de skippen boartsjend kliuwe.
Hoe lûkste ús oan, hoe hâldste ús fêst,
O ljocht fan see en sinne!
O sa licht te dûnsjen it libben troch
As de skipkes oer ’t wetter hinne!
It bliere sjen ferrommet it hert
En bringt ta noflik dreamen,
Fan skipkes sa as se op stientsjes stean,
Op Ferlines ljochtdizige streamen.
Op 'e súderdyk by Makkum
Fan ’t leaflik oard ik koe net skiede;
Aloan hâld’ it de sinnen fêst.
In teare glâns lei oer ’e miede,
De bou hie al syn kleur foar ’t lêst.
It doarpke yn ’e tichte beammen
Lei donker yn ’e blide moarn;
It tuorke hie syn stille dreamen
En alles brocht syn bliidskip oan.
Mar ik woe fan it loaitsen keare
En gong myn paad, foar’t wille sonk;
En hâlde fêst it byld, it kleare,
Fan ’t moaie, dat de siele dronk.
Mar sjoch, yn see, dat stoer bewegen!
De tsjalk moat út mei wyn en tij;
De fok stiet spand; it seil omhegen!
De stringen los! Dêr is er frij.
Hoe nimt my mei it foarse libben;
Heech giet it troch ’e ljochte dei.
Farwol, farwol! Dêr gean myn sibben,
De seilen lûke; ik far mei.
Opwekking
O feinten, o freonen, it libben is koart
En faai binn’ de flechtige oeren!
De died of de wille! Haw krêft, haw moed
De ploege of it reau te stjoeren!
Ferlern, ferlern, aste sleau en slûch
Omhingest’ oer heite wringe!
De died, dat is stribjen foar takomst en team,
Moai‑ierde mei wille dy bringe!
O, as bern dan kinne we gau genôch mei
As we mar fan boartsjen wat witte;
Mar feint en man, dat is swierder stik,
Dat litte de measten sitte.
Wêr binne feinte krêft en fjoer
En manne fêste rieden?
Bistò famme kriich en langst,
Witstò dyn hûs te lieden?
Myn Fryslân, do witst it, ik haw dy leaf,
Ferjou my myn smeulske praten;
O, ik seach dy sa graach mei foarenoan
Prinshearlik tusken dyn maten!
Bring op net dyn bern ta mitich folk,
It leed fan wa’t it skôge;
Dyn fammen lit wêze in eachweid en pronk,
Dyn feinten in ljochte lôge!
Peaske
De sinne blonk; de ljurk stie fêst en heech,
De bolle wyn kaam oer de ljochte see;
Fier boppe tsjil en moude gong myn paad,
Licht oer de tichte seadde’ fearjend stee.
Hoe fol dy wei fan bliid herinnerjen!
Sà rûn ik doe; dêrhinne gongen wy,
Dy geaen troch, dy wûnd’re terpen oer;
Hoe licht ús gong, de wrâld hoe sterk en nij!
Dêr tusken klinkt: wêr is dy bliere maat?
Dat hûs; dy bocht fan ’t paad; al wat ferteach?
Myn jonkheid sels? – Dochs draach ik alles mei
Yn sokken stûn’ ferskynt it foar it each!
Ik draach it mei: fan tûzendagene string
It blide ljocht; fan minskelibbens tiid
Al foarjiers groede en bloei; de hege wyn;
De fiere dreamen fan it machtich wiid.
En as ’k wat wêze kin wa ’t my bestiet,
Dan is ’t dat ’k jou wat sa de siele ûntrint,
En giet nei har. En effen bliuw’ hja stean,
En dreame en skôgje hoe’t de ljochtskyn wint.
– Hja lizze yn ’t fine gers; de waarme wyn
Strykt oer har hinne; rook fan krûd en see
Nimt sêft har mei; de iepen wrâld
Leit oan har ta, hat al syn wûnders ree.
’t Is Peaske as no; it wylde fûgelguod
Ropt as by âlds, in libben, bliid muzyk!
Hja nimm’ de pols en gean’ de lânen út,
Op ’e aaien oan; de leep hat gjin ûntwyk!
Of is it wintertiid? In fine rook
Lyk as fan hea, komt fan ’t beferzen lân;
Licht glydt it oer ’e baan: fan twa ien skek;
En fêst, in skruten hearsker, hâldt er famme hân.
Sa giet de dream fan wa’t myn reisnoat is
Troch ’t lân dêr’t elk syn blider wegen socht.
De swarte finsters fan deis tsjuster hûs
Blinke effen op; en moed’ger wurdt de tocht.
Peaskemoandei
Jonge kearels komme sjongende de himmen út wei;
De pols op ’t skouder, foarjiersdronken.
Ik bin te âld om dronken te wurden,
Mar de reade kop fan in soerstâl stek ik op ’e jas
En wiid set ik de sinnen iepen.
Ryk en bliid leit it lân,
Griene teisters driuwe fan ’e wâl ôf de sleatten op;
Ut it westen komt de fochtige wyn.
Efter doarpstún en hiem bliuw ik stean.
It âld stek en rou haachguod wyld begroeid,
De gloaiende wâlen sa grien!
De brune sleat fol tyljende maitiidsgeur;
En oprinnend nei ’t hege, út modder en weaze,
De hokken en stekken fan ’t boereeigen’
En tsjillen en slachters; en dan it binhús
Earen sa steatlik, no âld en skeamel!
O dit allegearr’ mei ien streek te omfiemjen,
– As hy dy’t ik net neame sil! –
En by it bargehok stean ik as in muorre.
Pier
Ik soe sizze, Pier mei ik myn freon wol neame.
Dat is net fansels komd: Pier is in jonge kearel fan 22 jier,
In losse arbeider fan it havenplak; en ik bin in yntellektueel.
– ‘Keamergelearde’ hat men my wol neamd, – en 22 jier bin
ik lang net mear.
Pier is net de earste de bêste; de swiere sekken mei stienkoal
smyt er linich op ’e wein,
En by it sânladen giet syn skeppe efkes hurder hinenwer as
in oar sinen.
Sneins, fan it keatsen, komt er wol ris mei in priis thús;
Dêr kinne wy oer prate as ik him ris te wurden kom.
Dochs giet syn fertrouwen wol fierder, oars soene wy gjin
freonen hjitte meie.
Sa kin it wêze dat eat my bleau; en om’t ik bin dy’t ik wêze mei,
Kin it hjir ferskine as ljocht wjerfarren.
Pinkster
En jimmer komme de freugden wer
As ’k troch de simmer gean,
Op ’e rêch de waarme sinne fiel,
En myn freonen om my stean.
Dat binne de raaien oan wegene kant
Dy’t ik glide lit troch de hân;
Dat is de swiete poarperbol
En al it folk fan it lân.
Dat is op it wierke it koatershûs,
De gevel heal begroeid;
It minske dat mei it breidzjen rint,
It bern dat yn ’t hôfke djoeit.
De miggen, de flinters, it fûgellûd
En al de blide skyn;
En swietste rook dy de siele wûn
Ta alle poaren yn.
Pinksterbesiik
Noch effen ’t famke sjen en sêft oer ’t skonkje strutsen,
No freonen, moat ik gean.
Farwol! It wie hjir goed en leaf wie ’t famke,
It byld bliuwt foar my stean.
De wei is moai; hoe weag’t griisblau de rogge,
Hoe fris is ’t beammegrien!
Hoe rûkt it fjild, hoe striel’t de loft! yn skaad fan iken
Bin ik wat rêsten gien.
Dit is it suverst lok: de tinzen gean te litten
Ut farkjen sûnder hâld,
En fan it libben yn him sels te fielen
Fan heel de wrâld.
Pinkstersnein
’t Is Pinkster, Pinkster! ’t greidelân
Tilt op fan ’t brûzend blomt’.
Fan ’t gouden giel fan bûterblom
En klaver yn ’e romt’.
Do biste myn leave blommetún,
O greide yn ’e pinksterpronk;
Ik jou my del oan dyn trouwe hert
En fiel my dêr sa by honk.
Dyn tûzen eagen laitsje blier
As kunden út oerâlde tiid;
Ik laitsje ek, myn blommebern,
Mar de eagen wurde my wiet.
Wat ierdske wille komt soks benei?
O hillige Pinkstersnein!
It heechste lok is op my saaid
En de himmel iepenlein.
Prinsetún
Ljochte dagen komme wer op nij,
Fiere bylden geane my foarbij!
Alde paden binne my sa djoer,
Noch is wat fan ’t goede libben oer.
Einen kwêkje trou har hjerstesang
O wat hâldt it djip wjerklinken lang!
Oer de tún it giele blêdetek,
Fivers râne hat syn dreambestek.
Boppe dichters jierren bin ik âld,
Mar dizz’ dei haww’ wûndere krêften wâld;
Lichte rimen komme op my ta
En eat fan in sjongstim njundert sa.
Printeboek foar rein'ge dei
In printeboek foar grutte bern:
Net oars woe ik ’t ienfâldich dichtwurk ha;
Om te besjen in reinich middeisskoft –
De blêden strike oer ’t dak, de skoarstien rûzet sa.
De printen jouwe maaitiids blommelân,
De rispinge fan rike simmertiid;
De weelde fan it kleurich apelhôf,
It winterfeest yn lokk’ge jonkheid fierd.
Hja bringe wer wat elts belibje mocht,
It wurk yn ’t fjild; de freugde fan de wei:
A1 ’t jonge folk tsjucht bliid de wegen út,
De fiere tuorren sizze ljochte dei.
De skoarstien rûst; in fiere, sterke stim.
Sa rûsde it doe troch d’ iepen skuorredoar,
De libbensstream fan earste wrâld. En jimmer wer
Klinkt yn dat lûd in machtich libbenskoar.
Produksjeslach
No haw ik hjoed dochs de wite klaver sjoen!
It miedstik moat ier meand west ha en no by de wâlen lâns
bloeide de wite klaver!
Ik haw myn jas útdien en op it dykje bin ik sitten gûn om nei
it fjild te sjen.
O de droechte fan dizze simmer en no dy bûnte wâlen!
O de hast ferlerne slach en no dat goede libben!
O jimme ‘boerelieders’ en agraryske fronten, kinne jimme it
reine litte?
O jimme sizzers en opsprekkers soene jimme net ris lytser man
wurde?
Myn útsprate hannen haw ik tsjin ’e ierde drukt.
Kom no mar op, jimme Douwe‑ en Rintsjemannen, dan
sill’ wy sjen wa’t har it neiste is!
Ik sjoch net omheech nei de fleantugen dy’t oer my hinne raze,
Mar ik rûk de wylde balsem en ik priuw it swiet fan it weake
reidlichem.
Kinne jimme noch bidde? Ik kin it net mear, mar wol kin ik
my
lyts fiele,
Idel yn ’e romte fan it heelal, wei tusken ferline en takomst,
Lichte flikkertins yn it Al‑belibjen.
Provinsjalistyk
Ik sit foar it finster yn ’e sinne en sjoch nei it bewegen fan de
twiichjes fan de roazebeam;
Sa kin in ynvalide yn oktober noch eat fan de simmer hawwe.
Oan ’e line hingje himd en lekken opbolle fan de krêftige wyn;
Ik tink: foar myn kuier op’e seedyk soe sa’n wyn wol wat te
stiif wêze.
Nee ik haw net folle war dien om ‘provinsjalistyske en
folkloristyske tradysjes’ te ferbrekken;
Ik bin mar in stikje provinsje en folkloare hat myn kostelikste
spize west;
(Provinsje, lit ús sizze, fan de ierde, atoomke fan it heelal.)
Mar dêrút wei haw ik de ierde beneame kinnen as fiedster en
boarne,
En in inkele kear haw ik my fierder bejaan doaren yn alsiele’
grut domein.
Sa haw ik der gjin ferlet fan hân mei Sjoerd nei Perzië of
Arabië te reizigjen,
En woestinen en oseanen binne my alheel frjemd bleaun.
En no sit ik hjir, mei myn beide stokken nêst my, yn de
waarme strieling dy’t de himmel jout,
En de wyn, dy’t fan de ierde is, bringt my it libben bewegen
fan de beamtûken.