Verzamelde gedichten (1) A…C
All myn libbens freugden
Al myn libbens freugden sitte yn de prunusbeam mei in inkeld giel blêd dat trillet,
Yn de wolkens dy’t út it suden it loftrom lâns skowe,
Yn de blommen fan de attinsje dêr de sinne op skynt:
It is de ljochtskyn fan it wetter dat yn de leie stiet, De tyljens geur fan de rûchskerne yn it foarjier,
It sjongende lûd fan de rotgânzen op de waard.
Mar it is ek memme fleurige jonkheid sa’t hja meiinoar yn de moanneskyn de opfeart del ride,
It is heite bliidskip as er yn de poëzij fan de dichters syn leafde
belibbet,
It is pake’ en beppe’ ljochte útgong as hja hân by hân de jonge maitiid yn ’e mjitte gean.
O, en faaks is it eat fan de dream fan de fromme
As er de ingels har blanke wjokken iepen tearen sjocht.
'Al wat ik skriuw dat is wier bard'
Ut ‘De Jefte’
Ik naam gjin sit, sa as Emily Dickinson – yn it rydtúch fan
de Dea mei Unstjerlikheid as tredde – foar in reis troch
de ivichheid;
Likemin waard ik dronken fan de loft en de dau en line tsjin
de sinne oan om rjocht te stean.
Mar yn ‘Krysttiid’ makke ik echt in reis oer iis troch de Fryske
lânen nei hûs ta;
En yn ‘De kuier’ wie it net oars as in loop by it Hoarnske Djip
lâns yn Grinzerlân.
Myn ‘Maarte en Maaiedagen’ binne net oars as wat de ierde en
de himmel foar my útspraat hawwe,
En myn dykhúskes en arbeidershuzen binne beneamd mei in
leafde dy’t de wierheid wol foar eagen hâldt.
Dêrby komme as fansels de nammen op: it is Oetske dy’t de
stoven yn ’e tsjerke set, en it is Ate’ Marte dy’t dy moaie
blommen hat;
En Eije en Tjaard binne dy Grinzer jonges, yn wa’t ik it
Fryske hert ferstie.
– Mar as dan yn ‘As ik opdroegen wurd’ dy tuorren en spitskes
as libbene minsken ferskine?
Dan sille wy witte dat by dizze dichter teminsten ek noch
eat fan it âlde fabelearjen oerbleaun is!
Al myn lichte freugden
Yn de greide’ weevjend blomt’,
En op bloeisels swiete roke
Alle lok en langstme komt.
Blanke freugden, fiere langsten, Wente is net as alear,
En myn leaven mei’ net komme
As nei eigen djip begear.
O, myn sielkes, ’t moed is sonken,
’t Hert fan tidene neden swier,
En de flinters, tear bewjokke, Hawwe yn ’t neare hûs gjin tier.
En de bûnte, blide rige
Wurdt as blommeweevjen wei,
Mar yn ’t hert bliuwt fan har skynsel Glim fan swiete mimer nei.
Ald
Ik begjin al aardich op jierren te kommen.
It soe dan oars hast de tiid wurde foar wize en ferheven dramastikken, sa as oaren wol yn har âlderdom makke hawwe;
Mar ik kin my sa net rêde mei sangen en tsjinsangen en de geasten fan alle ieuwen hawwe my net te bate west.
In Frysk epos sil ek wol neat mear wurde, of it soe in lyts eposke wêze moatte fan it meanen ôf oan it gersdruien ta. Mar dan tink ik oan Douwe en Fedde; dy witte fan koaren en rigen en Pier Gerlfs sille hja sa min bang fan wêze as fan Simson.
(Sokken as de jonge Jehannes sille licht te frij rûndwale; oars, ik hie him lêsten noch wol efkes oer it hier strike wollen.)
Ik bin wol âld mar net earwurdich.
Ik sil net steatlik de keamer op en del rinne om wize wurden te sprekken tsjin in jonge ferearder;
En ik tink Eckermann soe besauwe, as him sok spul fan my ûnder de eagen kaam.
Poëzij net mear wat heechs en aparts, mar frij en nei it neatichste útgeande!
En dichters âld as syn Ekselinsje, lossinnich en bûten regel! Mar as it belibjen op jin takomt en de âlderdom hat frijmakke? As de dagen har freugde bringe en dy riist nei it ljocht?
Ald man yn 'e greide
Fan d’ iene foet op d’ oare stapt er ’t paadsje lâns, De hannen oan ’e omslach fan ’e jas;
Gjin stokkeswaai as fan in jonge maat,
Allinne it gûnzjen fan ’e lidd’ge geast.
De greide troch op simmers skienste dei!
De bolle wyn yn ’t wezen, gouden gloed oer ’t fjild; It reid sa heech as ea yn plumen stie,
En plat op ’t paadsje it tichte weversblêd.
Net mear as koart ferlyn mei swiere moed –
Ien dy ’t net hâlde kin – komt him de simmer oan; Nou is it eigen wer. Wer sinen is de grûn,
De loft, en al wat striel’t en blinkt.
Hy sil noch libje; ’t hert sil gean nei ljocht,
Nei jeugd en krêft. As ea fan sinnen stjoerd?
De siele giet syn wegen, wûnd’re tocht
Troch it wide gea.
En fynt, en wol gjin rêst oant tiidsein komt.
Allinne?
‘Ik was een stil en eenzaam kind’
Boutens
Ik wie gjin stil en ienlik bern,
Allinne as gjin ien;
My wie wol ljochte freugd beskern
Yn hûs en fjildgemien.
Sjoch ik myn jongesbyltnis oan,
It sprekt sa klear my ta.
Foar alles iepen; sokken soan
Sil al wrâlds wûnder ha.
It sprekt my net fan mânsk en grut,
It neamt my sa’t ik bin;
Mar, Fryslân, is ’t – do witst myn steat –
Dat ik dy net gripe kin?
Do naamst my as dyn minner oan,
Ik mocht ta ’t libben gean;
No bliuw ik, is myn folk ferstoarn,
Net earm allinne stean.
Net ienlik doe; net iensum no,
Mei eat noch fan in bern;
Sa is ’t dat ik dizz’ rimen riuw,
Yn bouwers dream ferlern.
Amateur
Ik bin mar in amateur; ik bin net opbrocht foar it
dichterskip, sa as Roland Holst,
En ik gong net sa alheel yn de poëzij op as Boutens en Bloem,
(As ik my mei dy hege Hollâners fergelykje mei.)
De wittenskip hat my wol safolle fêsthâlden as de dichtkeunst;
En myn deisk wurk wie wat oars as, ‘’t slecht vervullen van
onnoozle plichten’,
Sa as Bloem it yn syn ‘Dichterschap’ opseit.
En de dichters hjirre, dy’t my it neist binne, sille ek wol mei
dy namme beneamd wurde meie;
Mar dan kom ik ta de boarne en sis: is ‘amare’ net ‘leafhawwe’?
En omdat hja leaf hienen, hawwe hja dichtsje moatten.
Aprildei
O koele april, o ljochte dei,
O al wat bloeit en blinkt,
As hospes Noarman út syn krûk
It jong ferhûgjen skinkt!
De einen op har rimpelflak
Bestribje strangste lin’
De jerke’ nekke yn breidfeartsglâns
Hat bôge’ edelskyn.
De jonges drav’ de wegen út
Utswerme yn ’t ljochte hjoed;
Hja sitt’ net tsjok yn har tekstyl
Mar gloarje yn foarjiersmoed.
Ald man ferjit syn lef bestean
– In feint fan tweintich jier –
Al libben spul komt op him ta;
Giet koel swolchs krêft sa fier?
Arbeidershus
Lang haw ik nei it arbeidershûs sjoen;
Hat ea in pleats my sa fêst hâlden?
Oan gjin dyk, oan gjin feart, stiet it midden yn ’e greide.
It sil in dûbeld hûs wêze, mei de skoarstien yn it midden foar
beide keamers.
(Ik haw heard dat der in lyts bûthúske efter is.)
De muorren binne wyt, it dak is read, sa as dy âlde huzen wol
binne.
Eigentlik hat it neat bysûnders; wêrom haw ik der sa lang
nei sjen moatten?
Kin it wêze dat it keamersfinster seit:
‘Ik sjoch de greide; ik bin de greide.
Ik fang it ljocht op, it westnoardwesterske ljocht: beam net,
noch blom net;
Fang it op foar keamer en bedskut.
No sjoch ik de weinen mei gers troch de lânen kriemen:
foar myn boer, foar syn boer;
Mar earstdeis net oars mear as de frachtauto’s dy’t de grutte
wei lâns fleane,
De grutte wei fan de Wearen nei Wûns.’
En myn eagen siikje de Wearstal.
Foarhús en keamer en in lyts bûthúske,
Wyt en read en in skoarstien yn it midden.
As Fryslân in industrielân wurdt
It ’ek’ út de earste rigel kin yn sitte dat de histoarikus Postma mear as ien kear skreaun hat dat Fryslân in boerelân is, sûnder yndustry of folle hannel. Sipke is Sipke Douwes de Boer, dy’t by Natoer en kultuer al neamd is.
As ik fuortgean
As ik fuortgean – oer bliuwt it greidefjild,
Dêr myn sangen oer hinne dreauwen.
– Is it net of wy selme bleauwen?
Oer bliuwe sil sinn’ gouden gloed.
En de wyn dy’t ús stal omaaide.
– En silligens dy’t op my saaide?
En minsken binne, waans wêzen ús naam;
In skoftke noch glânzet har dage.
Hja sille ús byldskyn drage.
En Fryslân sil bliuwe, as moed it hâldt,
En ús sangen dy’t har beneame.
Sa sill’ hja ús heechste noch dreame.
As wy fuortgean – oer bliuwt libben en ljocht,
Oant fersinke himmel en ierde.
Dan mei’ de Uneindige riede.
As ik opdroegen wurd
As ik opdroegen wurd sil der net – as by Slauerhoff – in jong
feintsje fan fieren te gûlen stean
Om’t syn dichter fuortgong;
Ik bin de sjonger net foar in jong manminske, dy’t it lân te
lyts is of de wrâld te ûnrom.
De wrâld is my grut genôch; ik soe hast mei Fryslân ta kinne
as hja dêr wat keareleftiger wienen;
Fan ’e tiid safolle as fan lânstreek besloech ik, en fier yn it
Fryske libben rinne myn woartels.
Mar de jonkheid smyt wei it ferline, en har ynlikst fielen sil ik
net útdrukke kinne;
As ik jonge freonen hân haw, myn sangen binne har frjemd
bleaun.
As ik te hôf brocht wurd hoecht der gjin ien te skriemen;
Ik bin net weinomd yn ’e opgong en de bloeiaard fan myn
wêzen hat him wol iepen dien.
Mar as de klok begjint te lieden – sa riist it foar my op –
Soe der dochs net wat trilje kinne yn dy oare stompen en
spitskes, sa’t hja fier yn it rûn my kundich wienen?
Hear dy lange skraits fan Koarnwert ris – sil ien sizze – dat is
foar dy soan fan Piter Obes,
En Peinjum en Skraard en Allingawier hâlde strammer har
âlde hollen,
Mar Wûns sjocht by him del nei âld master en Harmen
Wiebes, en Skuzum en Piaam hawwe foar har tûzen
goudbeljochte stûnen.
En as it wer stil is, en Koarnwert slacht de holle sa net mear,
Dan sil er sizze: by my is er weikomd en by my komt er wer.
As it maitiid is
‘Foar hjersttiid mear as maaietiid.’ – Mar no
De wyn is jong en sterk de stielen see!
It fjild is gouden gloed, en heech
Hat fûle sang syn triljend stee.
Foar hjersttiid mear as maaietiid. Mar ’t guod
Blinkt klapp’rjend oan ’e line; d’ apelbeam
Stiet skombedutsen; it wite hûs
Yn ’t hagegrien: in ljochte maaiekream.
Noch nea naam ik it sa as eigen oan,
Goed yn himsels; sa bûten eat
Dat wie of wêze sil. It is myn lân,
It bloeit, en bûten dat is neat.
As men ald wurdt
Krotten
Sân huzen yn it doarp steane leech, krotten hjitte it tsjintwurch;
In keamer mei twa bedsteden en de sinne ta de finsters yn;
In efterhûs dêr’t de bak stiet, en soms hingje der fûken.
Ek wol ris is der in gong nêst de keamer; dêr is dan fansels in
foardoar yn.
Hjir wie it dat faam en boarters har thús hienen.
Rilke hat earne foar in jonge dichter sein:
‘Hawwe Jo net (om te dichtsjen) jimmer Jo bernetiid,
Dy kostlike, keninklike rykdom, dat skathús fan oantinkens?’
Ik wie sokken rie net brek; ik wist oars wol
Fan dykhúskes en arbeidershuzen, fan hiem en skuthûn,
Fan in boat oan ’e wâl, dat op weachslach fergiet.
O dy krotten, dy’t it libben hienen en dêr’t de wrâld iepen lei!
De blauwe blommen fan Ate’ Marte
Ik siet op ’e bank yn it parkje om nei de blauwe blommen
te sjen.
It wienen de moaiste fan it plantsoentsje, sa as it doe de
moaiste yn ús tún wienen.
Ate’ Marte hie se fan Arjens Akke erfd, doe’t dy nei har nij hûs
ferfear;
Dy hie as skipperswiif wol de wrâld yn west om wat
seldsums en moais te finen.
Dy fan ús wienen wat donkerder blau mei wat giel en wyt
der yn;
Mar dizze hawwe it moaiste blau dat der bestean kin.
Wy neame it no ridderspoaren.
Augustus-dei
Dêr leit de iepen wrâld:
De blanke see, it leave griene lân,
En op ’e bou, yn ljocht’ en brune rige,
Ta stûke en opper stâld, de goedbestelde frucht.
De doarpkes om har toer, yn lytse ring,
Ferbrekke it flakke fjild; de koaien, donker bosk
Mei âld geheim, lizz’ jinsen frjemd en grut;
Yn it fergetten poelke weeft it hege reid.
It lústert fan âld Fryslân, sompich oard;
Fan klinten, ’t lege tek mei mos begroeid;
Fan jacht om it bederf, mei oerd of net;
Nei fierste tiden nimt it rûzjen mei.
Dan wint it ljochte nôt, de nije tiid
Is blier fan kleur en glâns;
It reade dak bringt libben tusken ’t grien,
Bliid gean de minsken oer de ljochte fjilden.
*
In koele keamer yn ’e blanke rêst,
In skad’ge tún dêr’t heech it ljocht yn falt;
Dêr komt de dream: de leafste bylden rize
Fier út it wazich grien.
O wûnder grut âld hôf! De mânske beammen
Breidzj’ út har wide kom.
Dêr efter blinkt de ljochte himmelbaan
En ’t hert giet út nei fierste hoarizonnen.
Augustussnein
It is sa stil; in blêdsje dat ferweecht
In bij dy’t rûnfljocht is al wat fergiet.
It lân is wiet, de loft is griis en stil,
Natoere hat in droev’nis, dy’t myn hert ferstiet.
Ik sjoch my sels, sa wurch en heal tenein,
En wat ik wie, sûn en fol jonge moed;
It libben wie in ljochte wei omheech,
De krêften wûnen oan yn eltse noed.
’t Is sneintemiddei; ’t folk rint op ’e dyk,
En mannich, mannich snein giet wer myn each foarby,
Fan boartsjen, wyld of stil, mar jimmer bliid,
En ’t fjild yn letter, rinnen flink en frij.
Al ’t moai is fuort. – Dochs stoar it net alheel,
De wjerskyn bliuwt, hoe djip de tiid fersinkt. –
En sjoch heech op ’e stâl’ de blommen noch op ’t fjild,
Hoe fleurich sill’ se stean, as moarn de sinne blinkt!
Auke Roukes
Auke Roukes wie in flugge feint;
Oer iis koe er elts foarby,
En as op it Keatting de spylman striek,
Wa dûnse sa feardich as hy?
By it keatsen wie er wat mâns oan ’e bal,
Sloech op sa fier as er woe;
En gjin ien dy’t út ’e krite wei
De bal sa stjoere koe.
Auke Roukes wie in fleurige feint,
Om him rûn it jongfolk gear;
Hy boude foar har in nije wrâld
En holp har út it near.
Wat er sei en die, dat libbe sa;
It stie yn kleurich byld ;
En mannich reis waard mei him dien
Oer seeën nea besyld.
Hja neamden Auke in losse feint;
Hy wie wêr’t de flagge hong,
En út ’e merke kaam er net wei
Sa lang’t de fioele gong.
Wie er fuort, hy liet de boer de boer,
En wist fan hûs noch stûn’:
Och der wienen rju bodders sleau en droech
Ferslave oan ’e kij en de grûn !
En de fammen fan ’t gea, sa tinkt men faaks,
Dy woenen sa’n fint net ha?
Wat koen’ se bejeie mei in swift,
Dy’t rint nei de herberge ta?
O freonen, nee sa wie it net!
In feint mei dy flinke lea?
En dat libbene wêzen hage sa,
Syn boartsjen fertrette har nea.
Mar ’t soe net ha! Yn it âlde lân
Waard it de feint te near;
In langst en in freze yn ’e siele woechs,
En it libben naam in kear.
Oer ’e see nei it frjemde lân!
Dy dronkene skimen ûntflein… !
‘Farwol myn freon, en hâld dy goed!’
– Sa is wat fan ús fleur fertein.
Beamsnoeie
De beammen wurde grutter, flak foar myn finster oer;
De beammen binne heech en de blêden wurde ticht.
Spitich! De berch yn ’e fierte is dêrtroch fertsjustere,
Komt mar skim’rich mear yn it sicht.
Op in moarn naam ik mes en bile
En eigenhandich sloech ik de takken der ôf.
Tsientúzen blêden falle my om ’e holle,
Tûzen heuvels komme foar it ljocht.
Ynienen, sa as wolkens en mist brekke
En dêr dwars troch hinne komt de blauwe himmel te sjen,
Of as it antlit fan in freon, dy’t men leaf hie,
En dy’t men wer sjocht nei lange ôfwêzigens.
Doe kaam der earst in freonlik wyntsje oan;
Dan ien foar ien fleagen de fûgels wer yn ’e beam.
Om myn geast rêst te jaan sjoch ik de súdeaster kant út;
As myn eagen ôfdwale gean myn tinzen ek fierder fuort.
Fan minsken is der gjin ien dy’t gjin foarkar hat foar dit of dat.
Fan dingen is der neat, dat gjin goed en tsjoed fan beide hat.
It wie net dat ik dy sêfte takken net lije mocht,
Mar leaver noch mocht ik dy griene heuvels sjen.
Because I could not stop for death
Omdat ik net stil stean koe foar de Dea,
Stie er freonlik stil foar my;
It rydtúch hie plak mar foar ús twa
En Unstjerlikheid dêr by.
Wy rieden sunich, hy hie gjin haast;
Ik hie beside lein
Myn wurk en ek myn liddigens
Foar syn gefallichheid.
Wy kamen by in skoalle lâns,
Bern draafden al kriigjend rûn,
By fjilden lâns mei kostlik nôt,
By de sinne dy’t ûndergûn.
(…)
Wy hâlden stil foar in hûs, net mear
As in hichte yn it fjild;
In dak wie der hast net te sjen;
In wâl dy’t foar listgoate jildt.
En sûnt noch ieuwen; mar elts dêrfan
Liket koarter as de dei,
Doe’t ik seach dat de hynstekoppen
Gûnen út nei de ivichheid.
Belibjen fan jonkheid
In gloed leit oer ’e dyk; de tichte kroane
Bringt ús de wrâlden yn,
Fier as de skippen gean.
De wolken sile, ljochtste jonkheids baan!
Ald is de ierde, it wetter jong;
It weag’t en batsket, nimt syn libben paad.
Dan boarter wyn dy’t strak de seilen spant;
En hearliker allinne is it fjoer.
It is in dei, dy’t fiere wegen wit,
In uterst eagenblik.
Hjir kamen gear ’t belibjen en de glâns,
In ljochte tún fan ierde’ krêft trochgloeid.
Ald man, âld man, sa swalkest do
En tsjochst de lânstreek oer?
De skrobbe wei, de finsterblink…
It is ús ljochte dei!
It is ús dei.
Wie ’t hert sa licht, it fjild sa rom?
Kom mei, o kom dan mei! It jonge libben
Giet troch it bloed en hat syn sterk gerûs.
Beneamde kwatrinen I
BENEAMDE KWATRINEN I
Doel?
‘In nij geslacht is doel fan blom en frucht;
Geslachten folgje elkoar ta heger tucht.’
– En yn al libbens bloei is net it godlik wêzen?
O earm bestean! O droeve poppeklucht!
‘Wearde’ fan it ferline
‘Net yn him sels hat it ferline wearde;
It is dat minske en folts syn leksum learde.’
– En ta dyn heapke wiisheid hat it west
Dat God Almachtich ’t grut heelal fermearde?
Bloei
Sa waard ik útset fan it albestel:
In libben ding dat groeit fan sel ta sel;
En dan – is ’t bloei? – ûnstoflike tentakels
Gean alside út en komm’ berierd wer del.
Sûnde
Dy is my neier, wa’t de sûnde ken,
As dy’t yn kleare rêst sjongt godsbesin.
Dochs is myn taal wat oars; ’k doar ’t sa net neame
Omdat ik neat as bern fan d’ ierde bin.
Iepensnein
Al fierder iepensnein ’t boek fan myn wêzen,
Sa leit it no wol keapsjoch foar de glêzen.
Skraach sit der earne noch in fâlde fêst:
In dimmen feint? Hjir stiet syn liet te lêzen.
Minske
Dy’t oan my tinke wol, betink my sa:
In minske – ’k mei gjin oare namme ha,
Mar yn him kamen gear de slachtene ieuwen,
En alle minsklikens kaam op him ta.
Beneamde kwatrinen II
It lêste
Sa rint it libben stadich nei it ein;
De dagen wintelj’ oerlangsum nei de snein.
’t Wurdt swierder om de tinzen sljocht te striken,
Dan… spilet master? Witten is fertein.
Oerskôgjen
Ut it foarmeleaze ta it libben brocht,
Om yn te gean ta ierdske wrimeltocht;
Mei lust en ûnspoed en wat lyts beminnen,
En earne, fier, in aan fan suverst ljocht?
Allinne
Al grutter it tal fan har dy’t ús ferlieten;
De hôven kil, dêr’t w’ yn it gerspark sieten.
Wêr binn’ de roazen fan ús jonkheid bleaun,
De apelgloed, wêryn ús lusten bieten?
Ljocht
Mar hjoed it tún! De gouden mantelpronk;
It poarperen ljochtsjen wêr de sinne sonk!
En by de lampe wer myn tûzen maten,
Elts mei in glimke fan har âlde honk.
Bernetiid
De berne niget oan al ’t minskbestean,
Dat is it lok, dêr’t ik my graach yn jou.
Wat grutte dingen docht de hantwurksman,
En fol fan wûnders is it deisk bedriuw!
Ut breder rûnte komt it libben oan
Yn byld en print, en alles foars en nij;
Strak bringt it boek yn skiednis en ferhaal
Ut frjemde tiid en oard’ him stoffe bij.
– Hoe tink ik oan dy moaie sneontemoarns,
(Wat frijer liet ús master dan de bern)
As ’t yn ’e skoalle boekeroaljen wie;
Wat langstme hien’ w’ om ’t nije boek te sjen! –
In stream fan kennisse rint om him ta
En nije bylden bringt him eltse dei,
Hy nimt der fan, mar kriget nea genôch,
En alles is de wiisheid like nei.
En al dy wûnders dy’t it libben joech,
Dat blier besit, dat om gjin delgong tocht,
Dy litte soms de lange jierren oer
Wer effen skine in wûnder gouden ljocht.
Besyk fan in freon by sykte
Ik haw sa lang siik west dat ik de dagen net mear tel;
Treurich sjirpjend yn it strûkguod ûnder myn dakrâne
De mosken fan ’t winter sjonge de moarns en de jûns.
– Mei ynspanning kom ik oerein en lynje swier op myn bêd;
Wankeljend stap ik nei de doar fan myn foarhofke ta.
Dêr moetsje ik krekt in freon dy’t my opsykje wol,
Just as wie ik dêr komd om him te begroetsjen;
Hja nimme myn bank en sette dy yn ’e jûnssinne;
Hja spriede myn tekkens út en ik leun tsjin in balkonspylder
oan.
In rêstich petear is better as hokker medisyn ek;
Swietwei komt der wer fielen yn myn ferstive hert.
'Binne jo wol folksk?'
Ja, ik bin folksk – ’t is in tormint sa’n wurd! –
’k Wol sizze: ’k bin fan ’t folts in bern,
Gjin lid, dat ek betankje kin;
As heit en mem, sa is it my beskern.
Ja, ik bin folksk; hoe soe ik net?
Dat seit: ik draach it mei, in soan;
It is syn wêzen dat ik ta my naam,
Syn wramen en syn boartsjen gean my oan.
Sa haw ’k noch net yn rigels stoaid
Hoe it opbrocht wurdt ta goed bestean;
Ik bin wat skruten mei myn âlde stel,
En doar net rou oan ’t tsjepjen gean.
Mar o, dat wize mastersfolk,
Dat wit fan suv’rens en fan tsjoed!
– In frjemde skildersman wol Saske ha;
Oan ’e himmel stiet in gloed…
Blommejonge
Dyn antlit, sei ’k, is moaier as dyn blommen.
Dochs koft ik wol; hoe koe it oars hast rinne?
Hja duorren koart, mar doe hâlde ik noch oer
De knik, de glim, dy’t ik er by mocht winne.
Dochs moat er witten ha; by ’t earste moeten,
As ’t each foarbygeand trof it jonge wêzen,
In effen bûgjen: tank foar loaitsjens huld’
Oan ’t skiene? Ik wist net oars te lêzen.
Wie dit net sjongensstof foar stream sonnetten,
Faaks mei it strekke foar in pear kwatrinen;
Hja binn’ net heech en haww’ in rym te min,
Dochs drage hja eat fan in leaflik skinen.
Boerehûs
Allinne leit it fëst umsletten hûs;
Himsels genôch; no yn in swider steat,
Want dy’t de greide as syn sketten droech
Binn’ út har simmersk park nei ’t hússtee keard.
Yn ’t bûthús is it grutte, machtich wurk,
Dêr wrot it folk nei húsmans fêst bestjoer;
No effen, foare, hat de frou har rêst
En sjocht troch ’t iepen hôf de lânen oer.
De hjerstejûn stiet oer it ienlik fjild;
De moanne blinkt oan kleare easterloft;
Ljocht jout it op út sleat en fuorgelin’ –
Fan einen noch komt der wat let geroft.
By de berte fan in soan
Oare minsken dy’t in soan krigen ha
Winskje dat er in goed ferstân hawwe sil;
Mar ik, dy’t troch ferstannichheid
Myn hele libben bedoarn haw,
Hoopje dat dit bern fan my
Unwittend en stom wêze sil.
Dan sil er as bekroaning fan in rêstich libben
Noch minister fan de Steat wurde kinne.
By de dea fan de dichter Slauerhoff
Dy deis, mei tinken seach ’k de Nijstêd oer
Nei it tassefolk. Dat er ien fan harren wie,
Sa as er, skrale jonge, ûnbeacht’
Doe mei syn skoallewiisheid foar my stie!
Ik seach yn ’t blêd syn byld: dochs Fryske feint!
Mar, sa’t it hjir iepen stiet, in wûnder bern
Yn ’e manfolks ring; it lûkt, en seit net mear;
En ’t each glydt nei de broer om him te sjen.
In Fryske feint; mar mei fermogens mear
As Fryslân. Sûnder maatskip; frij
Ta frjemde gongen bûten sede en pliich.
O, as ik it doarst… sa, somstûn’, wy.
By de dea fan G. B. Shaw
Shaw, lies ik, hie gjin leauwe as oan de ‘skeppende evolúsje’,
Dêrom woe er net byset wurde yn de Kristenen’ katedraal;
Mar syn jiske en dy fan syn frou moast yn ’e tún ferstruid
wurde,
De tún dêr de freugden hongen fan sinne en simmer,
En dêr’t er syn ein yn bewrotte soe.
‘Oars net as skeppende evolúsje’. Mar dat is heel wat, sei ik,
Net eltse skiednisprofessor soe it sa bybringe kinne;
Mar ús âlden, wol net sûnder har tsjerklik leauwe,
Moatte it fertrouwen yn it goede en syn einoerwinning as
har djipste wêzen hân hawwe.
‘Oars net, oars net’; mar it kin de sielen ferfolje
En de slachten kin it besterkje om dizze tiids ellinde te dragen.
By de dea fan in great stjerrekundige
Har wegen gean ûneind’ge romten yn,
Har sinnen witte fierste wrâlden’ skyn;
Har tinzen hâlde as ús begripen brekt,
En harmonij is wêr’t gjin oarder sprekt.
Ta dichter komt de skiente himmelmyld;
De siker wint de kosmos: it oard’re byld.
It godlik wêzen – binn’ hja bûten him? –
Niicht ta ús sfear en hat foar minske stim.
By in foto fan 1925, doe't Slauerhoff
Al Leechlâns jong poëtendom is dit,
Feriene yn in wûnder sprekkend byld.
– Foarenoan de haadpersoan, in nuver bern,
Noch ûnbedimme, grut fan mooglikheid:
De oseaan foar ’t waad; Sina en ’t East
Foar Hollâns efterlân en smel bestean.
Dan Holst, in wizere mei djip ferstean,
As wa? In jonge heit, in freon; mei him
Hjir each yn each, it midden fan de ring.
Dan Marsman as op springen, flits en flam
Troch nacht en wacht. Dochs Hollân nei as ien;
Mar, o ‘de frezen binne sûnder tal’.
Dan Bloem, in stiller gast; Sint Nikelsgea
En Dapperstraat, bliuwt it it selde net?
Deselde wolken skowe ’t loftrom oer,
Om d’ iens’me giet it selde wyngeroft.
De oaren binn’ sa nei my net; ik neam
De seeman noch, op Grinzer koaster thús,
Mar sjonger ek fan Spaanske Maria.
De broer is út it Fryske noarden komd;
In heit dêr jinsen dreamt Napoleon.
By it kij-opheljen
In moaie dei; de loft is griis en stil;
De greide hat syn kleur noch sa;
’t Is melkerstiid, de kij, it paadsje lâns,
Traapje bedaard nei d’ âlde jister ta.
Yn ’t hjerstbereinde lân oan leieich
De lange teisters driuwe op it wiet;
In reauntsjen libbet er yn ’t stille fjild,
Wêr ’t fredich streamke nei de delte giet.
Dêr balt in beest; no net de blide rop
Dy’t foarjiers fleurich opklinkt yn de romt’;
It heart ûnwennich, en wy fiele mei
In frjemde langst nei wat ús sels ûntkomt.
Binn’ it gjin kunden! Sjoch de swarte giet foarop,
Dan Jan en Klaske; trijeoer is wat steech;
Dêr draaft de bûnte, ’t weake lân jout mei,
En ’t wetter spat, de âlde nei, omheech.
Wien’ hja ús folk gjin freonen? Simmertiids
Gong ieuwenlang de finne lâns har paad;
En kaam de kjeld yn ’t skrouske winterlân,
De bûnte rige waard nei ’t hege hússtee laat.
It bûthús naam har op; de golle joech
Har ’t geurich hea; dêr suchten, stinden hja;
En ’t libben wie by har yn ’t waarme hûs,
Al ’t geafolk kaam op ’t noflik wenstee ta.
Hjir wie it wurk, mar ek it gol petear;
It boartsjen fan ’e bern; it swiet gepleach
Fan feint’ en fammetiid; neitinkens noft,
As ’t âlde hert nei wat foarby wie teach.
De takomst? Sil ús folk nei âlde wenst
Noch heine en warje eigen klei en keat?
Wa seit it? Djoer ferline! Neat as do
Noch fêst, no’t alles wankt en teart!
By Leegkerk
Hasto yn hjersttiid ea de leep sà heard,
Of ’t foarjier wie? Mei fine ljurkesang
En hoannerop fan ’t fiere boerehiem?
De loft is fol fan libben en fan klang.
En hiesto tocht, dat no de hagedoarn
In útris hawwe koe fan heger pracht
As ea yn maaietiid in freugde wie –
Bedutsen ûnder beien’ reade fracht?
Seachsto de greide ea sa djipyn grien,
’t Gers oan ’e wâl sa tillen op it wiet?
No hat it blau syn blanke spegels fûn,
En d’ âlde god, dy’t oer de loften stiet.
En sjoch dy pleats! In stins yn húsmans tsjinst,
It swiere muorwurk sprekt fan âlde tiid.
Om ’t hôf de brede grêft; de singel lâns
Nimm’ wy it langjend op en sjen ús bliid.
It hert giet nei natoer en ’t âld geslacht;
Hjir komt it alles gear yn gouden dei.
De siele jout him út yn romte en tiid
En draacht it lok yn machtich streamen mei.
Do famk’ yn ’t lân, feint dy’t de molkwein stjoert,
Ek yn dyn each foel wat ik dronken ha;
Dit is it lok, dat elts him winne kin:
Gjin erfdiel as it libben heart er ta!
By 'Aus meinem leben'
FAN FRIEDRICH PAULSEN
Dit is heel Fryslân! Hûs en hôf en fjild,
De hallich en de hoarne, gaast en keech!
It mean en loegerswurk mei eigen hurde hân;
De see, it bûtelân, it fiere leech.
En heit en mem – o, dat is wol ús stam,
Oer ieuwen skaat en dochs ús folk sa nei!
O wûnder stik! Dyn heit sjochst swijsum gean,
En blierder stiet dyn mem yn ljochte dei.
Sa droech de noarder kust it âlde folk.
Him wreidet út, wat eigen om ús leit,
Ta wider ring. Us skoarret fêster krêft;
De siele waachst ta riker mooglikheid.
Bylden (1)
Linnen dat klapt op ’e wyn, de line tusken twa stammen
Fan wylgen, en in giele heap sân,
Dêr’t de kroade op troanet:
Koets op in heap fan goud.
In apelbeam op in tapyt.
Ik lústerje nei d’ akrobatemuzyk fan it linnen;
In fûgelskrikklown stiet te kriten,
Twa earmen en in hoed.
Dowen fan ’t dak – ballen dy’t stjoere
Fearkrêftige strielen omheech nei de himmel –
Nim jimme flecht, ’k bin mar inge systerne,
Mei syn rûnte no wiid yn ’e sinneskyn.
Nei [ it Frânsk fan] Franz Hellens
Bylden (2)
’k Haw it libben yn my opnomd, sa’t it woechs út ’e
wâljende ierde;
It wrotten, it bouwen, de frucht.
Tûzen ljochte sneinen hawwe my freugde brocht,
Wurksume dagen hawwe my wat fan har bloedslach litten.
Om my hinne steane de bliere jeugdgesichten,
Roazeknoppen en appelbloeisel;
Spierige krêft en ferfallene âlderdom.
It lûd fan ’e see en de rook fan it lân
Drage my oan it libben fan fiere geslachten.
Yn ’e iepen skûten de âlde farders
Strike it seil oan ’e griene kusten;
Sa komme godsman en reade wrake!
Oan ’e slinke op ’e terp de reidbedutsen wenten;
Fêst yn ’e grûn de stilen fan it hallichhûs:
Ierde en iken tsjin wylde wytsing.
Wetter en grûn;
En de libbensstream dy’t giet troch de ieuwen.